Mei pream op syk nei Sytze en Maaike

augustus 16, 2019 13:08

Alde Feanen (© It Fryske Gea/Dico de Klein

Sneintemiddei 25 augustus fart der in pream troch it natuergebiet Nasjonaal Park de Alde Feanen. De tocht begjint om 13.30 oere yn Warten by it Earmhûs fan Museum Warten. Dat museum fertelt it ferhaal it ferhaal fan it libjen en oerlibjen yn it wetterrike lecchfeangebiet De Lege Midden fan Fryslân.

Wat nijs is dat der bewegende bylden te sjen binne fan Sytze en Maaike, it kluzenerspear dat om 1900 hinne yn De Alde Feanen wenne. De bylden binne ferwurke ta in filmke.

De tocht mei de pream duorret oardel oere en giet oer puollen, troch fearten en petgatten. Underwilens wurdt it ien en oar ferteld oer dat leechfeanmoeras en de minsken dy’t dêr wennen. Underweis wurdt pypskoft holden yn de lijte fan in reidkraach om kofje of tee te drinken mei in stikje boffert.

Oanmelde foar de preamtocht kin op de dei sels oan 11.00 oere ta. De kosten binne € 15 (foar de bern € 5), dy’t bestege wurde oqan it ûnderhâld fan it museum. Adres Earmhûs: Hellingpaad 3-9, Warten.

augustus 16, 2019 13:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.