“Mediterranean Shipping Company is Skiermûntseach noch tonnen skuldich foar smoarge strannen”

augustus 12, 2019 21:36

De gemeente Skiermûntseach hat noch rjocht op in pear ton skeafergoeding fan Mediterranean Shipping Company, de reder dy’t eigner is fan it konenterskip MSC Zoe. Dat seit boargemaster Ineke van Gent. It skip rekke yn jannewaris in gurt part fan syn lading kwyt op ‘e Noardsee. Sûnt dy tiid wurde de strannen fan Skier oerspield mei rotsoai.

Lilkens hat net folle doel, seit de boargemaster yn in petear mei Een vandaag. Hja seit dat de gemeente de rommel stap foar stap oprommet. Frijwilligers hawwe fan ‘t jier ek in soad oan it oprêden bydroegen. De boargemaster seit dat der benammen in soad plestik oanspield is. Benammen lytse stikjes plestik binne tige lestich om op te romjen.

De rederij hat trije miljoen skeafergoeding tasein, mar dat bedrach is noch mar foar in part oermakke. De gemeente Skiermûntseach hat grutte bedraggen foarsketten. Om mear jild los te krijen is neffens frou Van Gent in lange juridyske striid nedich. Hja seit dat hja der net sa wiis mei is dat kontenerskippen mei in fersmoargjende lading sa deun by de Waadeilannen del farre.

It petear mei frou Van Gent is hjirûnder te besjen.

augustus 12, 2019 21:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.