Marrit van der Wal wint earste wedstriid yn nasjonale fierljepkompetysje

augustus 17, 2019 22:51

Marrit van der Wal fan It Heidenskip hat sneontejûn yn Jaarsveld (Utrecht) de earste wedstriid fan de nasjonale fierljepkompetysje op har namme skreaun. Frysk kampioene Van der Wal ljepte nei in ôfstân fan 15.38 meter.

Dêrmei kaam de Friezinne fierder as Dymphie van Rooijen, dy’t in ôfstân fan 15.06 meter delsette. Wendy Helmes einige op it tredde plak mei 14.42 meter.

Nard Brandsma fan Warkum, dy’t ferline wike Frysk kampioen waard, einige sneon op it tredde plak. Syn 19.99 meter waard allinne ferbettere troch Wouter van Midden (20.13) en winner Rian Baas (20.89).

Yn de jeugdkategoryen helle allinne Hanneke Westert fan Snits in poadiumplak. Sy einige as tredde by de famkes mei 13.76 meter. Femke Rispens fan Niehove waard twadde mei 14.34 meter.

Kommende moandei stiet de folgjende wedstriid fan de nasjonale kompetysje op it programma yn Burgum. Dy wedstriid soe earst dizze wike al hâlden wurde, mar dat gie twa kear fanwegen it minne waar net troch.

Tekst: Omrop Fryslân

augustus 17, 2019 22:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.