Marrit van der Wal ferbrekt frouljuswrâldrekôr fierljeppen

augustus 1, 2019 03:09

Marrit van der Wal nei har sprong. (Foto: Omrop Fryslân)

Marrit van der Wal hat woansdei in nij wrâldrekôr fierljeppen op har namme skreaun. Yn Burgum ljepte se as earste frou oer de 18 meter en sette in nij Nederlânsk rekôr fan 18,19 meter op it boerd. “Ik bin super tefreden, dit is fansels fantastysk. Wa wit, kin it noch fierder”, sei se nei ôfrin.

Oan it begjin fan dit seizoen makke Van der Wal al bekend dat har doel wie om as earste frou oer de 18 meter te springen. No’t dat slagge is, leit se de latte noch wat heger. “Ik sjoch no nei de 19 meter, wa wit, sit it deryn.”

Foar topklasser Thewis Hobma waard it ek in geweldige jûn yn Burgum. Syn persoanlik rekôr fan 21.34 meter, dat er krekt set hie mei it Keningsljeppen, waard no alwer út de boeken ljept. De Harnzer kaam nei 21.41 meter yn it sânbêd en dat bringt him mei stip op it fjirde plak op de ranglist fan alle tiden. Allinnich Jaco de Groot (22.21 meter: Nederlânsk rekôr), Bart Helmholt (21.64 meter: Frysk rekôr) en Nard Brandsma (21.54) binne fierder kommen. Oane Galama waard ferline jier Nederlânsk kampioen op deselde skâns yn Burgum mei 21.40 meter.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 1, 2019 03:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.