Marije-Himelfeart yn Greonterp en Blauhús

augustus 8, 2019 09:57

Tongersdei 15 augustus organisearje Willem Bruno van Albada en Henk van Manen (Teigetje en Woelrat) mei in ‘Lytse Plechtichheid’ it libben en wurk fan Gerard Kornelis van het Reve. Tradisjoneel mei it feest van Marije-Himelfeart yn Greonterp en Blauhús.

De plechtichheid yn 2018 (foto: Willem van der Meer)

Om 16.00 oere is der blomlizzing by it Marije-alter yn de Sint-Vitustsjerke yn Blauhús. Dêrnei wurde in stikmannich gedichten fan Reve foardroegen. Om 17.00 oere skinke Teigetje en Woelrat reade wyn – ‘God’s eigen bloed’ – op it lytse tsjerkhôf mei klokketoer yn Greonterp, by Huize Het Gras. Dan liedt de âlde klok (anno 1465), it teken dat brieven en proazafragminten foarlêzen wurde dy’t Gerard skreau yn Huize Het Gras.

Om 19.30 oere draacht pastoar Peter van der Weide de Hillige mis op yn de Sint Vitustsjerke yn Blauhús. De lêzings wurde foardroegen troch Tijger en Woelrat.

Yn kafee De Freonskip yn Blauhús is in feestlike ôfsluting.

augustus 8, 2019 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.