LUNA Collective te gast op mediakeunstfestival SEE Djerba (Tunezië)

augustus 21, 2019 09:31

Foar it media art festival SEE Djerba yn Houmt Souk (Tunezië) foarmje fjouwer tiimleden fan Media Art Fryslân it LUNA Collective. Basearre op in konsept en software fan keunstner Romy Joya Kuldip Singh, ûntwikkele de groep de ynstallaasje ‘Sonic Embassy’. Freed 23 augustus reizget it kollektyf ôf nei SEE Djerba.

Romy ljochtet ta (foto: LUNA Collective)

Media Art Fryslân biedt romte foar eksperimintele ljocht-, lûds- en mediakeunst, faak presintearre yn kombinaasje mei live-optredens. Haadaktiviteiten fan de stifting binne it jierlikse Media Art Festival dat de bêste opkommende keunstners út Nederlân en oare lannen presintearret, en it LUNA Ljouwert Urban Night Adventure, in kaleidoskopyske en útdaagjende presintaasje fan eksperimintele lûds- en ljochtkeunst yn ’e iepenbiere romte fan de stêd Ljouwert.

Sonic Embassy
It tema ‘Mixed Realities’ fan SEE Djerba 2019 ynspirearre de leden fan LUNA Collective om soanyske noasjes fan har thúsomjouwing te dielen mei it publyk yn Houmt Souk. Lûden waarden opnaam yn Nederlân, yn de huzen fan de leden, yn de strjitten fan Ljouwert, op it plattelân en oan ’e kust yn ’e buert fan de stêd.

Op Djerba wurde dy lûdssûvenirs út Nederlân fermongen mei objekten út de deistige Tunezyske realiteit. Funduq Batista yn de histoaryske medina fan Houmt Souk is in eardere ôfreisromte foar ekspedysjes nei fiere lannen. It wie in plak foar oankomst en fuortgean, moetings, ferwachtings en ferhalen fan fiere oarden.

Op it SEE Djerba Festival dat fan 28 augustus oant en mei 1 septimber holden wurdt, minge en ferienigje de lûden fan de gasten út Fryslân har mei de objekten fan de Tunezyske gastjouwers, aktivearre troch de besikers. Hoe mear besikers komme en kommunisearje mei de ynstallaasje, hoe sterker en komplekser de klank wurdt. Troch besikers ynbrochte talen en lûden wreidzje de ynstallaasje einleas út ta in boartlike en fassinearjende multykulturele omjouwing.

Reverb
By it ferbliuw op Djerba nûget LUNA Collective it publyk – fan it eilân en fan fier fuort – út om syn lokale lûden te dielen. De tiimleden dy’t op de Sonic Embassy yn Funduq Batista oanwêzich binne, binne nijsgjirrich nei de lûden dy’t foar de besikers de thúsbasis betsjutte. Dy lûden reizgje mei it LUNA-kollektyf mei werom nei Nederlân en sille diel útmeitsje fan in twadde edysje fan de Sonic Embassy dy’t op 30 novimber presintearre wurdt as ûnderdiel fan Fair Saturday 2019 yn de stêd Ljouwert.

LUNA Collective siket ek nei nije stêden en mienskippen dy’t niget hawwe oan it útwikseljen fan notysjes, oantinkens en ferhalen troch middel fan lûden. Wa’t der mear fan wiite wol kin kontakt opnimme fia mediaartfriesland@gmail.com.

LUNA Collective bestiet út:

Romy Joya Kuldip Singh, keunstner, opfieder, kurator
Andrea Möller, kreatief produsint en direkteur fan Media Art Fryslân
Marinus Groen, technysk produsint
Marcel Bakker, kreatief produsint en haad fan PR Media Art Fryslân

www.seedjerba.net | www.mediaartfriesland.nl

augustus 21, 2019 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.