“Kulturele omerta yn Fryske kultuerwrâld”

augustus 12, 2019 20:57

Tefolle minsken dy’t meiprate oer it Fryske kultuerjild hawwe in dûbelde pet op. Dat seit Harrie Muis yn it Frysk Deiblêd. Muis, dy’t jierrenlang popprogrammeur wie by Teater Romein, hat it sels oer in “kulturele omerta”, mei in ferwizing nei de swijplicht fan de Italiaanske maffia. Neffens him doar net ien him iepentlik tsjin it systeem te fersetten.

De krante neamt as foarbyld Sjoerd Bootsma, dy’t meiferantwurdlik is foar subsydzjes foar festivals dy’t er sels mei organisearret. Nei oanlieding fan in berjocht dêroer in pear wike lyn hat it Deiblêd in protte reaksjes krige fan minsken dy’t tsjûge west hiene fan dûbelde petten yn ‘e Fryske kultuerwrâld. Net ien woe lykwols mei namme yn ‘e krante, om’t hja ôfhinklik binne fan de minsken dy’t hja oankleie.

Muis seit dat it probleem sels noch grutter is. Dat deputearre Poepjes bewust minsken út it kultuerfjild ynskeakelet by de ferdieling fan subsydzjes neamt er “gemaksucht”.

Klik hjir om it stik yn it Frysk Deiblêd te lêzen.

augustus 12, 2019 20:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.