Kriget Paula Rotger 200 tûzen euro boete foar Katalaansk praten?

augustus 12, 2019 16:10

Paula Rotger (screenshot i3)

In meiwurkster fan it fleanfjild op Mallorca moat foar de rjochter ferskine. Hja is oanklage foar it yn gefaar bringen fan ‘e feilichheid. As hja feroardiele wurdt, kin de rjochter har in boete fan twahûnderttûzen euro oplizze. De frou seit dat hja neat gefaarliks dien hat en oppakt is, om’t hja Katalaansk prate.

Paula Rotger wurket foar in enerzjybedriuw op it fleanfjild fan Mallorca. Om nei har wurk ta te gean, moat hja troch in deteksjepoartsje. Ein juny gie dat in kear ôf doe’t hja dertrochhinne rûn. Hja waard fûillearre en mocht neffens har eigen sizzen doe trochrinne. Hja seit dat se de plysjeminsken fan de Guardia Civil yn it Katalaansk de tiid fan ‘e dei sei en dat in plysje har doe tabiet dat hja Spaansk tsjin him prate moast, oars mocht hja net trochrinne. Doe’t hja sei dat hja it wetlik rjocht hie om Katalaansk te praten, waard hja neffens har sizzen oppakt. Neffens de plysje en lofthaven wie it oars en besocht frou Rotger om de kontrôle te ûntwiken. Dêrmei wie hja neffens de autoriteiten in gefaar foar de feiligens op it fleanfjild.

Frou Rotger ûntstriidt dat. Twa kollega’s dy’t tsjûge wiene fan it foarfal befêstigje har ferhaal. Hja easket dat de bylden iepenbier makke wurde fan de befeiligingskamera’s dy’t oeral op it fleanfjild hingje. Op it stuit hat hja in soad lêst fan it foarfal, om’t hja net mear talitten wurdt op ‘e lofthaven dêr’t hja wurket.

Mallorca is part fan de Baleären, dêr’t it Katalaansk ien fan de offisjele talen is. De Guardia Civil stiet bekend om syn anty-Katalaanske hâlding en der binne in soad gefallen bekend fan plysjes dy’t nettsjinsteande wetlike rjochten easken dat minsken Spaansk tsjin har praten. Guons binne de ôfrûne jierren sels oppakt om’t hja Katalaansk trochpraten. Klik hjir foar foarbylden.

augustus 12, 2019 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.