Kearnûngemak Sibearië mooglik bedriging foar minderheidstalen Nenets en Komy

augustus 13, 2019 20:03

Njonoksa (kaart: Google Maps)

Yn de regio Archangelsk, yn it noarden fan Sibearië is ôfrûne tongersdei in test mei in kearnraket mislearre. By in ûntploffing binne fiif yngenieurs dearekke en der is in protte strieling frijkommen.

It ûngemak die him foar op in platfoarm yn de Wite See, net fier út de kust fan it doarp Njonoksa. De hege strielingsnivo’s binne ek metten yn omlizzende stêden lykas Archangelsk en Severodvinsk. Dy stêden hawwe mei-inoar in heal miljoen ynwenners. De oerheid hat de ynwenners fan it gebiet oanret om tydlik fuort te gean. Yn guon dielen fan it gebiet is de strieling it sechtjinfâldige fan wat normaal is.

De regio Archangelsk wurdt foar it grutste part bewenne troch Russen, mar der binne ek taalminderheden yn it gebiet. Fanâlds wenje der bygelyks de Nenets en de Komy, nomadyske folken dy’t foar in grut part libje fan it hâlden fan rendieren. Dy folken hawwe eigen talen. Fierder wenje der Oekraïners en Tataren yn it gebiet. Foar al dy minderheden kin in twongen ferhuzing de eigen taal en kultuer yn gefaar bringe.

Wat der tongersdei krekt bard is, is net bekend. Yn earste opslach ûntstried de Russyske oerheid dat der sprake wie fan mear strieling. It doarp Njonoksa is al ûntromme en skipfeart op stikken fan de Wite See en de Barentszsee is ferbean. Wat de risiko’s binne, is ûnbekend. Presidint Wladimir Poetin hie it ferline jier oer in nije Russyske kearnraket mei in grut berik. Oft dêr no ien fan ûntploft is, is net dúdlik.

augustus 13, 2019 20:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.