Jongfryske Mienskip betellet Afûk-kursus foar LIDL-klant

augustus 1, 2019 12:06

Juster berjochte It Nijs oer in lytse taalstriid yn Dokkum: in frommeske út IJmuiden dat nei Lauwerseach ferhuze wie en gauris boadskippe yn Dokkum, ferstie it Frysk fan winkelpersoniel noch net goed. Hja beklage har oer it taalgebrûk fan it personiel by it Nederlânske haadkantoar. Hoewol’t hja der ek mei akkoart gie as it personiel trochgie yn it Frysk, mar wat stadiger en dúdliker prate, reagearre Lidl Nederland mei ekskuzes, waard it Frysk as frjemde taal oantsjut en soe it Dokkumer filiaal in “melding” krije.

De Jongfryske Mienskip, in aksjegroep foar Fryske taal en kultuer, hat him ree ferklearre om in Afûk-kursus foar de frou te beteljen. Dat skriuwt de groep op Twitter. As hja foar ein augustus in berjochtsje stjoert, hoecht hjasels neat te beteljen.

Minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren en kommissaris fan de Kening Arno Brok neamden it ferline jier in rjocht om oeral yn Fryslân Frysk te praten. Sjoch hjir foar in artikel dêroer.

Yn 2014 kaam Lidl yn it nijs, om’t it syn personiel yn it Feriene Keninkryk ferbea om wat oars as Ingelsk te praten, útsein tsjin klanten dy’t dy taal net machtich wiene. Letter waard ek noch in útsûndering makke foar it Welsk yn Wales. It rjocht om Welsk te brûken is dêr yn de wet opnommen. Lidl frege Welskpraters wol om gjin Welsk te praten as der kollega’s by wiene dy’t dat net ferstean koene.

Hjirûnder it Twitterberjocht fan de Jongfryske Mienskip:

augustus 1, 2019 12:06
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 augustus 3, 01:03

    Wêrom hear ik sokke dingen allinnich fan de Jongfryske Mienskip? No ja, bin bliid dat sy yn elk gefal in bytsje ynspringe op de aktualiteiten.

  2. Cor Jousma augustus 3, 12:52

    Dy publisiteit is aardich, mar ik bin fan betinken dat de Jongfriezen har ien en oar streekrjocht – oer de tillefoan of e-mail – oanbiede moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.