Jenny Douwes sprekt har út yn iepenUP Live

augustus 31, 2019 09:20

Hja waard bekend as frontfrou fan de ‘blokkearfriezen’: Jenny Douwes fan De Harkema. As wurdfierder fan dy groep aksjefierders foar Swarte Pyt groeide Jenny út ta in nasjonale bekendheid. Yn iepenUP Live, de wyklikse talkshow yn gearwurking mei Omrop Fryslân en Neushoorn, sil Douwes op woansdei 4 septimber yngean op de gefolgen dy’t har rol as aksjefierder hat op har libben as mem en ûndernimmer.

Jenny Douwes (foto: Omrop Fryslân)

Okkerdeis waard Douwes fanwegen de blokkearaksje feroardiele ta in wurkstraf fan leafst 240 oeren. De rjochter neamde har as inisjatyfnimmer fan de aksje op 18 novimber 2017 tsjin de demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet in ‘opruier’. Mei 19 fan de 34 ‘blokkearfriezen’ stiet sy 24 septimber yn heger berop op ‘e nij foar de rjochter. Jenny feroarsake in nije rel doe’t sy en har advokaat Wim Anker lulk opstapten by it tv-programma RTL Late Night, om’t se gjin konfrontaasje woene mei Jerry Afriyie fan de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet.

Yn iepenUP Live sil it promininte gesicht fan de ‘blokkearfriezen’ wiidweidich yngean op de gefolgen dy’t har rol as aksjefierder hat op har libben as mem en ûndernimmer. Wol sy wol it boechbyld wêze fan rjochts-Nederlân, dat har graach yn dy rol nei foaren skoot? Is har striid it wol wurdich as se sels bedrige wurdt? En wat docht sy mei it ferwyt fan Kick Out Zwarte Piet dat Douwes net ree is ta in iepen diskusje en in reedlik petear?

IepenUP Live is fan woansdei 4 septimber ôf alle woansdeis om 20.00 oere yn it kafee fan poppoadium Neushoorn en is live online te folgjen fia omropfryslan.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina’s fan iepenUP en Omrop Fryslân.

Alle wiken stiet der in oar ûnderwerp oer aktuele fraachstikken, frijheid, demokrasy en diversiteit sintraal yn iepenUP Live. Sa stiet ûnder oaren op 25 novimber Maria Alyokhina fan Pussy Riot, in Russyske, feministyske, politike punk rockband, op it poadium en wurdt der praat oer wat Tinder mei je brein docht. Sjoch foar de folsleine list mei tema’s op Facebook.

augustus 31, 2019 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.