Jan Willem Zwart: Rêst

augustus 24, 2019 20:00

Kollum

Foto © Jan Willem Zwart

Ien fan de moaiste dingen fan fakânsje is it meitsjen fan takomstplannen. Wat doch ik nei de fakânsje? In bytsje dreame oer it wurk of krekt oer hiel oar wurk. In camping begjinne of in iterij? Op fakânsje kinne we dêr grif oer neitinke. Fakânsje is foarútsjen mei de dingen dy’t je graach dogge, op in hiel oar plak fan de wrâld. Yn de holle wurde meastentiids wol listjes makke mei wat der mei nei Fryslân weromnommen wurde moat. Dy typyske drûge Italiaanske woarst of in doaske wyn út Frankryk. Ek al smakket it thús oars as yn it hotel, dy wyn giet mei.

Elkenien wol it fakânsjegefoel graach salang mooglik fêsthâlde. Ut ûndersyk blykt dat de fakânsje yn tal dagen der net ta docht. It giet om bysûndere ûnderfiningen. Dat kin wêze dat it sa gesellich wie doe’t it reinde en de hiele húshâlding yn de tinte in spultsje die, of in momint fan sfear en lekker iten. Itselde ûndersyk jout ek de tip dat je wat it langst yn it ûnthâld bliuwt it bêste op de lêste dei fan de fakânsje dwaan kinne. It lekkerste foar it lêst bewarje.

As wy werom binne yn Fryslân dan…
Der ûntsteane bygelyks hiel wat foarnimmens nei de fakânsje. Ommers, dan drinke we minder of allinnich yn it wykein, wy geane earder op bêd, omdat wy dan ek wer betiid oerein kinne, mear sporte en kilo’s kwyt reitsje of ophâlde mei roken. Foarnimmens dy’t wy yn de rêst meitsje, mar meastentiids yn de drokke fan ús bestean samar wer ferjitte. Us deistige libben hawwe wy safolle ynbrocht dat der gjin romte mear is om te tinken sa’t wy dat allinnich op fakânsje mar kinne.

Wannear geane wy wer fuort?
Twa wiken nei de fakânsje sitte wy der wer middenyn. As hie it nea oars west. De wyn út Italië is al op en al ús foarnimmens hawwe wy hiele goede ekskuzen foar. It ûntspant sa lekker om in gleske wyn te drinken, mear sporte is gjin tiid foar en earder op bêd is net nedich en it helpt om it lette praatprogramma noch efkes te sjen. Alle foarnimmens binne fuort. Wy libje fan fakânsje nei fakânsje. Dat helpt. Wis wol as wy it bysûnderste op de lêste dei sette. No noch it fêsthâlden fan dy frije romte yn de holle. Wannear geane wy wer fuort?

augustus 24, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.