Jan Schokker: Nij nêst 3

augustus 17, 2019 21:11

Nij nêst 3

It ferbouwen is foar my wat in iensum putsje. Moarns foar achten bin ik al by ús nije hûs yn Nijhoarne. Der komt wolris immen del om te sjen hoe’t it der by leit of om te hearren fan myn nijste flater, mar fierwei de measte dagen sjoch ik gjin minske en dat is my goed genôch. As ik oan it wurk bin mei ik graach allinnich wêze. Fan ’e wike betocht ik my wurkjendewei hoe’t it wêze soe as ik werklik no ris in man allinne wie, alhiel allinne en solo yn de wrâld, gjin hobbys, gjin ynteressen, gjin kunde en net de moed hawwe om earne op ôf te stappen of hokker ferdivedaasje dan ek te sykjen. Ik seach mysels al ferpauperjen en ferkommen efter de prachtige brede steigerhouten finsterbanken dy’t ik ferline wike mei mânske klammen fêstlime ha. En dan steane der noch net iens geraniums op.

Sjoch, yn guon saken bin ik wat maklik. Sa brûk ik alle dagen itselde itensboard, it kofjekopke spiel ik wolris ôf, mar faak ek net en de sûpe by it iten healwei de wurkdei kin wol yn itselde kopke en mes mei tsiisskaaf kinne dagen sûnder sopke yn Dreft. Mei de klean giet it by my krektlyk. Ik sjoch der net út, ik wit it, sa gean ik der ek op út om materialen foar de bou op te heljen. Want sis no sels, de izerhannel en bou-gruthannels ha bepaald net in klaaikoade en binne wol wat wend. It is dat ik thús in skat fan in frou ha mei stjerrebyld heks dy’t sa no en dan yngrypt. Juster prottele se tafallich dat ik dochs wat faker ôfwaskje moat. ‘Kinst op dizze wize oars samar wat oprinne.’

Hoe soe it wêze as ik my sûnder skat allinne rêde moatte soe yn it libben? Under it betonstoarten en timmerjen wei wrakselet dy gedachte wolris faker nei de foarein fan myn âldmaneftich besef. Eins kinne je neat mei sokke prakkesaasjes, ik wit it, it giet altyd oars. Iksels gean der foar it gemak fan út dat de frou en ik beide tagelyk út it boatsje stappe: wy ride ús tegearre dea tsjin in fuortwaaide wynmûne op of knalle it nije hûs út troch in ferkeard montearre gaslieding. In oare mooglikheid leit noch mear foar de hân. As ik tsjin alle kânsberekkeningen yn allinne oerbliuwe soe, lit ik de ôfwask dan ek stean of bin ik faaks de hiele dei oan de drank? Hoe sjocht dit hûs der dan út dêr’t ik foar myn skat no sa freeslik myn bêst foar doch om it wat kreas te krijen? Hat it libben dan noch doel, hâld ik mysels foar. Sa blykt it ferbouwen fan in hûs troch in putsjesman allinne ynienen in hiel filosofysk karwei. De earste libbensfraach twingt him al op: moat ik net ris freegje hoe’t dy waskmasine wurket dêr’t ik no in stopkontakt foar oanlis?

augustus 17, 2019 21:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.