Italiaan set moandei útein mei fytstocht fan Ljouwert nei Matera

augustus 25, 2019 09:12

Ofbylding: LF2028

Moandei 26 augustus set de Italiaanske fytser Nicol Ielpo yn Ljouwert ôf (mei Fryslân de Kulturele Haadstêd fan 2018) foar syn tocht by oare eardere Kulturele Haadstêden del. Hy sil einigje yn Matera, de Italiaanske stêd dy’t dit jier de titel drage mei.

De fytser dy’t in protte ûnderfining hat, ûndernimt syn reis (ûnder de neamer EuropeBike – Culture on the road) om yn Europa bekendheid te jaan oan syn regio Basilicata en de kulturele rykdom en ynset dêr. Nei Ljouwert hâldt er ho yn Amsterdam, Rotterdam, Antwerpen, Brussel, Lúksemburch, Bologne en Florence. Op 22 septimber einiget de tocht yn Matera.

Nicola Ielpo’s reis begjint moandei 26 augustus om 9.30 oere oan de foet fan de Aldehou yn Ljouwert, dêr’t er útwuid wurdt troch in delegaasje fan provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert en LF2028, de ferfolchorganisaasje fan LF2018 (Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd).

augustus 25, 2019 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.