It Nijs tenei foarsichtich mei bleat op Facebook

augustus 12, 2019 20:40

Lêzers dy’t fia Facebook op dit webstee bedarre binne, hawwe faaks de ûndersteande printsjes sjoen. It Nijs hat okkerdeis in warskôging fan Facebook krige fanwegen in foto fan in bleate neandertalerpop. It sosjale medium hat nammentlik in ferbod op bleat. As soks nochris bart, dan kin it akkount blokkearre wurde. Ferskate lêzers fan It Nijs hawwe te witten dien dat dat har ek alris oerkommen is om’t se te bleate foto’s pleatst hawwe. Op it webstee sels kin it fansels wat mear lije. As it berjocht ienris op Facebook stiet, sette wy it bedoelde plaatsje wer wêr’t it stean moat. Wy wolle ommers al Frysk bliuwe en net lykas de Amerikanen in hopen drokte meitsje as der in stik bleat fel te sjen is.

augustus 12, 2019 20:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.