It Nijs bestiet tsien jier

augustus 12, 2019 01:26

Foto: Pixabay

Tiisdei bestiet It Nijs presys tsien jier. Op 13 augustus 2009 pleatste Meindert Tjerkstra it alderearste nijsartikel. Dit is it 27.626de. De side wie yn it begjin inkeld noch mar te berikken ûnder de namme itnijs.nl. Dêr is wilens it Fryske itnijs.frl by kommen. It uterlik fan de side is ek yngeand feroare. Tjerkstra krige oar wurk en syn taak waard oernommen troch Kees van der Beek, dy’t koartlyn sels mei pensjoen gien is. It doel bliuwt lykwols troch de jierren hinne itselde.

Frysktalich nijs út de hiele wrâld bringe, dêr gie it om en dêr giet it om. Yn 2009 wie dat in eksperimint fan komsa. Wilens is der in soad feroare. Omrop Fryslân berjochtet op ‘e radio yn it Frysk oer wat der fier om utens bart, de sosjale media hawwe gâns opgong makke en de rol fan ‘e kranten is safolle lytser wurden dat guon faai binne, wylst oerbliuwers lykas de Ljouwerter Krante amper in skaad binne fan de autoriteit dy’t se wiene doe’t It Nijs úteinsette.

De earste jierren pleatste It Nijs benammen stikken dy’t men ek op oare plakken fine koe, mar dan yn it Frysk. Dat wurke goed, it tal besikers fan it webstee naam mei sprongen ta, mar dat is in pear jier lyn feroare. Op it hichtepunt waarden deis mear as tûzen artikels oanklikt, mar dat sakke nei sa’n sânhûndert. De redaksje hat lêzers rieplachte en de foarkarren bestudearje litten en de meiwurkers frege om yn hoekjes te doeken dêr’t de oare media hast net komme, lykas nijs oer oare taalminderheden, wêr dan ek op ‘e wrâld. Opiny is ek wichtiger wurden: kollumnisten binne kommen en wer fuortgien en guons, lykas Jabik van der Bij, Aant Mulder en Henk Wolf, hearre by de grutste publykslûkers fan de site. Fierder dogge meiwurkers mear oan eigen (foto)sjoernalistyk, lykas yn dit stik. Fryske ynstellings witte ek dat It Nijs bestiet: der komme alle dagen parseberjochten en ynstjoerde stikken yn. De ôfrûne tiid lei it tal lêzen artikels deis wer boppe de achthûndert.

Der skriuwe in hiel soad minsken foar It Nijs en dy hawwe it Frysk net allegear like goed yn ‘e macht. Har skriuwerij wurdt dêrom behoffene troch in kundige einredakteur en in tal fêste meiwurkers hawwe in jiermannich lyn in skriuwkursus folge. Dochs kriget It Nijs lykas alle printmedia gauris krityk op it taalgebrûk. Foar de iene lêzer is de taal soms te geef, foar de oare is it net geef genôch. Alle wiken stjoere lêzers wol reaksjes of mails oer in wurd of in sin dêr’t hja fan miene dat der wat mei mis is. Dochs binne hja in minderheid. In enkête fan ferline jier hat sjen litten dat de measte lêzers oer it taalgebrûk wol tefreden binne. Sa reagearje trouwe en nije lêzers nammers op fan alles en noch wat: tefolle seks, flauwe cartoons, in te pittige kollum of just in te pittige reaksje fan in oare lêzer, te nasjonalistyske stikken of just artikels dy’t net Frysksinnich genôch binne, te loftse of krekt te rjochtse ynfalshoeken. Op it webstee, op Facebook en op Twitter wurdt bytiden omraak hottefile oer de ynhâld fan It Nijs. En sa heart it ek by in medium dat in plak yn in taalmienskip hat.

It Nijs hat yn dy taalmienskip soms ek in sinjalearjende rol. Mear as ien kear hat It Nijs wiisd op gefallen fan taaldiskriminaasje dêr’t oare media neat oer skreauwen. En mear as ien kear namen oare media dat nijs dêrnei fan It Nijs oer. De stikken oer Lidl Nederland dat de Lidl-fêstiging yn Dokkum ferwiet dat Frysk pratende meiwurkers ‘een buitenlandse taal’ brûkten is in resint foarbyld. Earder soargen de stikken oer Herman Teuling fan de Lemmer, dy’t yn de Telegraaf skreau dat er gjin Frysk hearre woe, foar in protte publisiteit, lykas in stik oer in direkteur fan de Fryske Akademy dy’t drige om It Nijs foar de rjochter te slepen foar it buorkundich meitsjen fan in iepenbier Twitterberjocht dat er ferstjoerd hie, in stik oer taaldiskriminaasje op in Ljouwerter skoalle en stikken oer taalstriid yn Bakkefean en Ljouwert.

It populêrste artikel op It Nijs is al jierren in artikel oer seksstantsjes mei Fryske nammen. It wurdt folge troch in ferlykber artikel oer de grutte fan ‘e Fryske kul, in stik oer it ôfskaffen fan Drachten en in kritysk stik oer it personielsbelied fan Omrop Fryslân.

Sûnder mis sil It Nijs de kommende tiid fierder feroarje, mar it bliuwt in nijsmedium dat de Fryske taal brûkt om te skriuwen oer saken dêr’t oaren net yn it Frysk oer skriuwe en dat as gjin oar de taalstriid yn Fryslân folget. Kinne jo wat aardich Frysk skriuwe en liket it jo aardich om ek ris in bydrage te leverjen? Stjoer dan in mail nei ynfo@itnijs.frl. Wa wit stiet der dan meikoarten ek in stik fan jo op It Nijs.

Sa seach It Nijs der yn 2011 út:

Yn 2016 waard it uterlik fan it webstee feroare. It hjoeddeiske uterlik is dêrop basearre:

augustus 12, 2019 01:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.