Ingelske reklames ferbean fanwegen “te manlike manlju”

augustus 14, 2019 13:57

De Britske reklamekoadekommisje hat twa reklamefilmkes ferbean omdat minsken der stereotype manljus- of frouljusdingen yn dogge. Dat is sûnt koarten ferbean yn Grut-Brittannië.

Yn in reklame foar smartsiis sitte twa heiten mei lytse bern yn in restaurant. Trochdat se ôflaat wurde troch lekkere hapkes sette se har bern op in rinnende bân. 128 minsken tsjinnen in klacht yn oer it filmke, omdat it de suggestje jaan soe dat manlju net goed op bern passe kinne.

It oare filmke makket reklame foar in automerk. Trije minsken tsjinnen der in klacht tsjin yn omdat de manlju yn it filmke aktive dingen dogge, wylst de frou yn it filmke mei in bern op de bank sit.

De Britske tafersjochhâlder op reklames ferbiedt “skealike stereotypen” yn reklames, omdat dy minsken der fan wjerhâlde kinne om dingen te dwaan dy’t assosjearre wurde mei it oare slachte.

Yn Nederlân bestiet gjin ferlykber ferbod.

Hjirûnder steane de ferbeane reklamefilmkes:

augustus 14, 2019 13:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.