In ûnfeilich gefoel by it útgean? Freegje nei Angela

augustus 28, 2019 08:25

Make Holland great again en Spuiten en slikken yntrodusearje koadewurd om it útgeanslibben feiliger te meitsjen.

“Ik waard yn it krús grepen”, “Doe’t ik net tútsje woe, waard ik foar hoer útmakke”, “Ien stie hieltyd tsjin my oan te skuorjen”. Hast de helte fan de froulju en tsien persint fan de manlju kriget yn in klup of op in festival te meitsjen mei seksuel hâlden en dragen dat te fier giet. It is lang net altyd maklik om út sa’n ûnfeilige situaasje te kommen. Dêr woene de makkers fan de BNNVARA-programma’s Make Holland great again en Spuiten en slikken feroaring yn bringe mei de kampanje Ask for Angela.

Foto: BNNVARA

Mei it koadewurd “Angela” kin ien diskreet oan it barpersoniel trochjaan lestichfallen te wurden. Sa kin it personiel de besiker fluch en ûnopfallend út in ûnfeilige situaasje helje. De kampanjefilm is hjir te sjen.

It tiim fan Ask for Angela hat tsientallen útgeansgelegenheden frege om aktyf mei te dwaan en it personiel te ynstruearjen. Underwilens hawwe al mear as tachtich klups, bars en festivals witte litten dat se meiwurkje sille. Troch middel fan posters en stikkers mei de tekst “Angela works here” wurde besikers derop wiisd dat it barpersoniel fan it koadewurd op ’e hichte is. De programmamakkers roppe alle klups en kroegen op om oan de aksje mei te dwaan om it útgeanslibben op dy wize mei syn allen in stikje feiliger te meitsjen. Promomateriaal is te krijen fia makehollandgreatagain.bnnvara.nl.

De tredde ôflevering fan Make Holland great again is tiisdei 3 septimber om 20.25 oere te sjen by BNNVARA op NPO3.

augustus 28, 2019 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.