In eangstige ûnôfhinklikheidsdei yn Kasjmier

augustus 16, 2019 00:06

Kasjmier (read) yn Yndia (donkergriis). De ljochtgrize gebieten binne de dielen fan Kasjmier dy’t troch Pakistan en Sina bestjoerd wurde.

Tongersdei fierde it grutste part fan Yndia de nasjonale ûnôfhinklikheidsdei. Sels yn de dielsteat Kasjmier wappere de Yndiaaske flagge. Fleurich wie de sfear dêr lykwols net. Dat komt trochdat it nasjonale regear op 5 augustus it bestjoer oer de foarhinne autonome regio oernommen hat. Neffens it regear yn Bombay wie de maatregel nedich, om’t it regiobestjoer korrupt wie en om’t froulju en minderheden der diskriminearre waarden. In soad ynwenners sjogge de maatregel as in ûnwettige besetting fan harren wengebiet. Der is dan in soad ûnrêst.

Satya Pal Malik, dy’t troch de oerheid yn Bombay oanwiisd is om ynearsten it bewâld te fieren yn Kasjmier, sei dat de ynwenners fan de regio net benaud hoege te wêzen dat harren identiteit yn ‘e knipe komt. Hy reagearre dêrmei op ‘e eangst fan ‘e befolking dat hja in minderheid yn har wengebiet wurde. Foarhinne mochten nammentlik allinnich ynwenners fan de regio dêr lân keapje. No’t de autonomy opheft is, kinne oare Yndiërs der ek hinne ferhûzje. Fierders mochten ûnder it autonome bestjoer allinnich eigen ynwenners amtner wurde. Dat is no ek feroare.

Yn Kasjmyr jildt op it stuit in tige strang bewâld. Minsken meie gjin groepkes foarmje op ‘e iepenbiere dyk, de streek is ôfsletten fan it ynternet en it telefoanferkear is beheind. Telefoanysk kontakt bûten de regio is allinnich mooglik fia telefoansellen. Dêr steane dan ek lange rigen foar.

Kasjmier wie oant 1947 in ûnôfhinklik lân. It waard doe beset troch Pakistan. It Yndiaaske regear woe it buorlân allinnich helpe as Kasjmier him as autonome regio by Yndia oanslute soe. De kening fan Kasjmier keas doe foar wat it minste út twa kweaden like: oansluting by Yndia. Yndia en Pakistan fochten trije oarloggen út mei as resultaat dat beide lannen in stik fan it âlde Kasjmier bestjoere, wylst beide oerheden it folsleine Kasjmier as harren grûngebiet beskôgje. Net-islamityske ynwenners waarden twongen om it troch Pakistan besette gebiet te ferlitten. Yndia hat ek in konflikt mei Sina oer it bestjoer fan it eastlike part fan Kasjmier. De regio wurdt dan ek al tsientallen jierren pleage troch geweld tusken militante groepen.

Kasjmier hat ek in hindoeïstyske minderheid. Dy wennet benammen yn ‘e omkriten fan ‘e stêd Jamû. Oars as de islamityske mearderheid yn ‘e streek binne hja yn mearderheid bliid mei it direkte bestjoer fan de regio troch Bombay. Neffens Satya Pal Malik wol Yndia tige yn de ûntwikkeling fan Kasjmier ynvestearje. Der binne neffens him al konkrete plannen foar in nij fleanfjild en foar fyftjin nije skoallen. Fierder seit er dat der in protte wurkgelegenheid ûntstean sil trochdat Yndia yn de regio in amtlik apparaat opsette sil. De beheinende maatregels binne neffens him tydlik.

augustus 16, 2019 00:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.