IFKS-skûtsjesilen is wer dien

augustus 17, 2019 22:55

It IFKS-seizoen 2019 sit derop. Sneontemiddei waard op it wetter by de Lemmer de lêste wedstriid syld. It bleau oant de finish spannend, yn sawol de wedstriid as it klassemint. Uteinlik pakte skipper Jeroen de Vos fan de Eelkje II dit jier it kampioenskip yn de IFKS.

De Vos einige op in totaal fan 22,9 punten. Skipper Sikke Heerschop siet der mar ien punt fanôf en einige mei 23,9 punten op it twadde plak. Tredde yn it klassemint waard Ulbe Zwaga fan de Waaksdom, mei 24,8 punten.

De lêste trije skippers fan de IFKS dit jier sile takom jier net mear yn de Grutte A-klasse, mar yn de B-klasse. Jilles Bandstra fan de Lonneke, Gerrit Huisman fan Ut ‘e Striid en Ron Syperda fan de Ale binne degradearre.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 17, 2019 22:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.