Iensum (gedicht)

augustus 24, 2019 09:30 Fernijd

Iensum

Foto: pixabay.com

It âldminske sit foar it rút.
Stoarjend.
Nei de takomst?
Of nei it ferline?
Se is iensum.
De bern, fier yn de santich
en net mear sa mobyl.
De beppesizzers
drok mei wurk en bern.
De oerbeppesizzers
wenje om utens.
De buorlju
net sa fluch mear.
De susters
ha gjin tiid
en freonen en freondinnen
fan eartiids
binne der net mear.
Net ien neamt har mear Syts.
Har wrâld is lyts.

Folkje Koster

augustus 24, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.