Hurdfarre op de Burgumer Mar fan ’t jier taboe

augustus 2, 2019 19:14

Burgumer Mar súdwest

It hurdfarren op ’e Burgumer Mar is yn 2019 net mear tastien, hat de rjochtbank fan ’e middei besletten. In goed wike lyn lei de provinsje de proef op lêst fan de rjochter al stil. Mei dizze útspraak bliuwe de giele boeien dy’t it gebiet markearje fan ’t jier oan ’e wâl.

“Dat it hurdfarren fan ’t jier net mear mooglik is, is benammen spitich foar de minsken dy’t dêr om frege hawwe en der krekt yn de fakânsje gebrûk fan meitsje woene. It is foar ús ek teloarstellend. Wy sille no besjen hoe’t wy it takomme jier dochs mooglik meitsje kinne”, sei deputearre Avine Fokkens.

Natuer- en lânskipsferiening de Wâlden, de Marren tsjinne in berop tsjin it hurdfarren yn, ynklusyf in fersyk om in foarriedige foarsjenning. De rjochter oardiele hjoed dat it hurdfarren foarearst net mear tastien is. It mooglik fersteuren fan de natuer wie mei oanlieding om ta dy útspraak te kommen.

De útspraak fan hjoed jout noch gjin dúdlikens oer it eksperimint yn 2020. De ferwachting is dat de rjochter dêr nei de simmer útspraak oer docht. Ofhinklik fan dy útspraak besjocht de provinsje hoe’t de proef yn 2020 in goed ferfolch krije kin.

Begjin juny hat de provinsje in part fan ’e Burgumer Mar oanwiisd as hurdfargebiet om in proef dwaan te kinnen. It doel wie om twa jier lang fan 15 juny oant en mei 15 septimber it hurdfarren ta te stean. Sa woe de provinsje ûndersykje wat it effekt op de omkriten en de natuer is.

augustus 2, 2019 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.