Himpkwekerij yn Oentsjerk

augustus 5, 2019 07:55

Neidat yn Oentsjerk in himpkwekerij ûntdutsen waard, hat boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel maatregels nommen en op 1 augustus 2019 de oanbelangjende wenning sletten. Dy bliuwt twa moanne ticht. Boargemasters hawwe dêr it foech ta, ek al omdat drugskriminaliteit hinderlik foar de buert wêze kin. Troch sa’n hûs ôf te sluten lit de gemeente witte dat drugsoerlêst net tolerearre wurdt, neffens Gebben.

Doe’t de plysje yn it hûs kaam stuite dy op hûnderten planten mei byhearende apparatuer. Mei ekstra oanslutingen en swiere sekeringen waard elektryske stroom stellen, dêr’t de brânfeilichheid ek troch yn gefaar kaam.

Drugsbelied
De boargemasters yn it noardeasten fan de provinsje hawwe ein foarich jier de regels foar it (soft)drugsbelied oanskerpe. Mei it nije belied hat in boargemaster de mooglikheid om bestjoerstwang ta te passen en wenningen, of foar it publyk tagonklike ynrjochtingen, te sluten as dêr sprake is fan drugshannel. It gemeentlik drugsbelied fan Tytsjerksteradiel stiet los fan in eventuele strafrjochtlike ferfolging. Dêr giet it Iepenbier Ministearje oer.

augustus 5, 2019 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.