Hieltyd konkretere plannen foar gaswinning by Drachten om

augustus 15, 2019 16:13

It ministearje fan ekonomyske saken kin ynearsten trochgean mei it tarieden fan gaswinning yn de gemeente Smellingerlân, mei Drachten as haadplak. Dat hat de Rie fan Steat hjoed sein. De gemeente hie gaswinning troch it bestimmingsplan ûnmooglik makke, mar neffens it ministearje hie dat mei de Ryksoerheid oerlein wurde moatten. De gemeente Smellingerlân seit lykwols dat dat net hoecht, omdat it Ryk de gaswinning ek ôfbouwe wol en de belangen fan gemeente en Ryk dus lyk binne.

It bedriuw Vermilion wol gas winne yn de fjilden dy’t rûchwei yn it gebiet tusken Grou, Burgum, Beetstersweach en de Like lizze. Drachten leit dêr midden yn. Om’t de Wâldsjers en Westerkertiersters fansels wol yn ‘e rekken hawwe hoe’n ramp oft gaswinning foar East-Grinslân is, binne hja dêr oer it generaal poer op tsjin. De folsleine gemeenterie fan Smellingerlân wol neat witte fan gaswinning en hat dêrom ferline jier besocht om mei in oanpast bestimmingsplan dy gaswinning te kearen.

Neffens wethâlder Piet de Ruiter fan Smellingerlân hat elkenien rom tiid hân om tsjin it bestimmingsplan yn beswier te gean. No’t dat net bard is, hat it ministearje neffens him gjin rjocht om noch nei de rjochter ta te stappen. Dy sei lykwols hjoed: “Als het ministerie het wil, dan gebeurt het toch wel.” It ministearje kin de tariedings dan ek trochsette. Oft der úteinlik ek nei gas boarre wurde mei, is noch net útiten. De rjochter docht oer in pear wike útspraak oer de jildigens fan it bestimmingsplan.

Mocht it bestimmingsplan ûnjildich ferklearre wurde, dan jout Smellingerlân it net oer. Yn dat gefal wol de gemeente op in oare grûn de gaswinning tsjinhâlde. De Rie fan Steat oardiele yn maaie dat it útstjitten fan stikstof yn ‘e omkriten fan natoergebieten net tastien is. Dat saneamde ‘stikstofoardiel’ hat der ûnder oaren ta laat dat Vermilion gjin gas winne mocht by Noardwâlde. Om’t de gasfjilden yn Smellingerlân ûnder en yn ‘e omkriten fan de Hege Feanen lizze, is in ferbod op basis fan itselde oardiel miskien ek mooglik.

augustus 15, 2019 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.