Hantwurkklup ‘De wapperjende wjukjes’

augustus 31, 2019 09:15

Resint ferskynd

Juanito (foto: pixabay.com)

Wy dogge ek altiten itselde, fûn Hindrikje de Hin,
it gie har hielendal net mear nei ’t sin.
Aaiwaarmerkes, pikemûtskes, wy ha alles al hân,
mar der is dochs mear te belibjen yn dit lân?

Hindrikje sloech oan it ‘googeljen’ op ynternet,
en gie jûns let mei har plan teset.
Net hake, borduere of breidzje,
nee, wy moatte ús ris wat oars fermeitsje.

Ik sil dy âlde hinnen ris wat sjen litte,
wat se fan harren libbensdagen net wer ferjitte.
Hindrikje hierde hoanne Juanito yn
op de jûn fan Falentyn.

Juanito hie in prachtige kaam op ’e kop,
en wie sûnt koart stripper fan berop.
De hinnen rekken alhiel oerstjoer,
en om se wer yn it hok te krijen wie in hiele toer.

Noch mâler gie it nei it skoft,
Juanito goaide doe al syn klean troch de loft.
De hinnen giene hielendal út hun dak
blykber krigen se thús net harren gerak.

Dizze jûn hat hiel wat losmakke,
de hinnen ha har nea wer mei hantwurkjen fermakke.
Se wiene it haken en breidzjen sêd,
en dogge no wat oars ûnder de namme ‘Chickens go mad’.

Folkje Koster

augustus 31, 2019 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.