Grutte skeafergoeding foar Kanadeesk pear om skeinde taalrjochten

augustus 30, 2019 23:52

1. Gebieten mei Ingelsk as fiertaal. 2. Twatalige gebieten (Ingelsk/Frânsk). 3. Gebieten mei Frânsk as fiertaal. It grutte bêzje gebiet is sa goed as ûnbewenne.

Fleanmaatskippij Air Canada moat in troud pear in grutte skeafergoeding betelje, om’t harren taalrjochten op in ynlânske flecht skeind binne. De Frânsktalige Michel en Lynda Thibodeau waarden ferskate kearen allinnich of benammen yn it Ingelsk betsjinne. In rjochter yn Martine St-Louis oardiele dat Air Canada in ekskúsbrief skriuwe en in skeafergoeding fan fjirtjin tûzen euro útkeare moat.

Neffens de taalwetten fan Kanada moatte it Ingelsk en Frânsk op ynlânske flechten deselde status krije. Guon teksten yn ‘e fleanmasine wiene lykwols allinnich yn it Ingelsk. By oaren stie de Frânske tekst yn lytsere letters ûnder de Ingelske. By it omroppen duorre de Ingelske tekst ek langer as de Frânske.

It pear hat Air France yn it ferline al trije kear earder foar de rjochter dage. Dy moast doe ek ekskúsbrieven skriuwe. It is foar it earst dat hja in skeafergoeding krije.

augustus 30, 2019 23:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.