Grutte ferskillen by finansjele help troch laptopregeling

augustus 12, 2019 12:16

Foto: morguefile.com

Foar minima-húshâldingen mei skoalgeande bern bestiet in finansjele helpregeling foar it oantugen fan in laptop. Dy wurdt lang net oeral op deselde wize tapast. Elektroanika-retailer BCC hat alle 355 Nederlânske gemeenten ûndersocht en ûnduts grutte ferskillen.

Húshâldingen mei in leech ynkommen kinne yn Nederlân hast altyd gebrûk meitsje fan in laptopregeling. Dêr wurde se mei yn ’e mjitte kommen as der in laptop foar skoalgeande bern kocht wurde moat. Faak wurdt in maksimumbedrach neamd. Trochinoar is dat € 401. De ferskillen tusken gemeenten binne grut. Sutfen komt mei € 100 yn ’e mjitte, mar yn Wijk bij Duurstede mei in laptop njoggen kear safolle kostje. Yn Fryslân binne de ferskillen ek grut. Dat is te sjen yn it  oersjoch Laptopregelingen fan BCC.

It falt op dat yn gruttere gemeenten in leger bedrach oanfrege wurde kin. Yn gemeenten mei mear as 75.000 ynwenners is dat yn trochsneed maksimaal € 370. Yn lytsere gemeenten is dat trochinoar sawat tsien persin heger, te witten € 408.

Dúdlike ferskillen binne der ek tusken gebieten dêr’t it yn trochsneed te besteegjen ynkommen heech, of krekt leech is. Yn gemeenten fan de earstneamde kategory is de fergoeding trochinoar rekkene 20,1% heger as yn de oare.

augustus 12, 2019 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.