Gibraltar wurdt hieltyd mear ientalich Ingelsk

augustus 18, 2019 00:01

Gibraltar yn Spanje (ôfbylding: Google Maps)

De ynwenners fan Gibraltar prate hieltyd minder Spaansk. Jongelju behearskje dy taal sels amper mear, ek al krije hja der twa oeren yn ‘e wike les yn en leit de stêd yn in fierder ientalich Spaansk gebiet.

Gibraltar is sûnt de achttjinde iuw Britsk gebiet. De stêd mei sa’n tritichtûzen ynwenners leit op in rots yn it uterste suden fan Spanje, ticht by de Strjitte fan Gibraltar, dy’t de ferbining foarmet tusken de Atlantyske Oseaan en de Middellânske See.

De oarspronklike taal fan Gibraltar is it Andalusyske Spaansk. De âldste generaasje brûkt dy taal noch wol, mar yn Gibraltar wenje wilens ek in soad minsken út Grut-Brittannië, dy’t Ingelsk as earste taal hawwe. Spaansk is in ferplichte skoalfak, mar de jongelju hawwe amper kontakt mei de grutte Spaansktalige wrâld om harren hinne. Neffens de krante El País komt dat benammen trochdat bern hjoed de dei minder de doar út komme en harren sosjale kontakten fia de sosjale media ûnderhâlde. Dan docht ôfstân der net mear ta. Fierder seagen bern earder Spaanske telefyzje, wylst hja no nei nei films op ynternet sjogge.

Dat Spanje en Grut-Brittannië noch hieltiten bytiden spul hawwe om Gibraltar, soarget boppedat foar anty-Spaanske gefoelens by de Gibraltezen. Dêrtroch kieze hja faak foar it Ingelsk. “De taal is polityk wurden”, seit taalkundige Lionel Cipollina. “In protte politisy beskôgje it as spitich dat it Spaansk efterútbuorket, mar hja wolle gjin taalbelied foarstean, omdat soks sjoen wurde kin as anty-Ingelsk.”

augustus 18, 2019 00:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.