‘Fûgeltaal’ no ek op de universiteit

augustus 19, 2019 15:35

Hoe mei doarpsgenoaten kommunisearje as dy op in oare berch wenje, mei dêrtusken yn in delling fan rotsen, stiennen en oare stikken rûch lanskip? Yn ferskate regio’s hawwe se dêr troch de iuwen hinne, los faninoar, in bysûndere oplossing foar fûn: fluitsje!

Giresun yn Turkije. (ôfbylding Wikimedia Commons © CC BY-SA 3.0)

Sa gie it ek yn it lytse berchdoarpke Kuşköy (letterlik ‘fûgeldoarp’) yn de provinsje Giresun yn it noarden fan Turkije, dêr’t minsken al generaasjes oer grutte ôfstannen mei-inoar prate troch skerpe en tige hurde fluittoanen. Yn prinsipe giet it om in ferzje fan it sprutsen Turks, dat yn ferkoarte foarm troch op fûgellûden lykjende ‘wurden’ in boadskip oerbringt.

Yn de fyftiger jierren waard dy manier fan kommunisearjen foar it earst ûndersocht, en sûnt dy tiid is it altyd yn byld bleaun by de universiteit fan Giresun. Dêr sjogge se dan ek it belang derfan yn dat dy mei útstjerren bedrige taal bestean bliuwt. Studinten fan de fakulteit Toerisme kinne fan no ôf kieze foar it ûnderdiel ‘kuşdili’ (fûgeltaal). Sy sille harren kennis letter ynsette kinne as gidsen yn dit gebiet yn Noard-Turkije.

Om it behâld fan de taal makliker te meitsjen, wurde de lûden earst op noateskrift set, om se dan letter ek yn in eigen alfabet lêsbar te meitsjen. De universiteit wol dêr net allinich de taal mei behâlde, mar ek sjen wat der fierder noch dien wurde kin mei dat kommunikaasjemiddel. Dat sit nammentlik yn swier waar troch moderne technology. Want wêrom noch fluitsje nei de oare kant fan de berch as in mobyl ek te brûken is? Yn in gebiet dêr’t in soad rampen barre, lykas oerstreamingen en ierdferskowingen, soe fluitsjen dochs faaks in útkomst wêze, sa is de gedachte.

augustus 19, 2019 15:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.