Fryske flagge yn stee fan Nederlânske foar koereurster Beitske Visser

augustus 12, 2019 22:56

Foto: W Series

Autokoereurster Beitske Visser fan Twellingea is twadde wurden yn it einklassemint fan de W Series. Op it poadium wachte har in ferrassing. By de seremoanje hyste de organisaasje nammentlik de Fryske flagge foar har.

Ornaris wurdt de lânsflagge foar de winners hyst, mar frou Visser hie okkerdeis pinfiske oft in Fryske flagge ek mooglik wie. Hja tinkt dat de organisaasje dat ek in goed idee fûn, want sûnder dat sy it wist wie dêr de Fryske flagge efter har te sjen.

Frou Visser wie tige wiis mei de flagge, want hja en har famylje binne o sa Frysksinnich. “Ik haw him ek op myn helm te stean”, seit se. “En myn hiele famylje komt út Fryslân.” Har heit, dy’t ek autoreest, hat ek in Fryske flagge op ‘e helm, fertelt hja.

augustus 12, 2019 22:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.