Fryske breidspearen trouwe it goedkeapst

augustus 9, 2019 09:51

Foto © pixabay.com

Breidspearen yn Fryslân jouwe yn trochsneed € 10.842 oan harren troudei út. Dat is minst fan alle provinsjes. Oer it hiele lân is dat € 14.585. ThePerfectWedding.nl socht it allegear út troch de troubudzjetlisten fan 4.028 Nederlânske pearen te analysearjen.

Pearen yn Fryslân jouwe lykwols yn ferhâlding op de grutte dei it measte út oan harren uterlik. Dêr besteegje se 26% (€ 2.820) fan harren totale budzjet foar de brulloft oan. Lanlik leit dat op 21%.

Se meie dan in soad oan it uterlik útjaan, de breiden kieze foar de goedkeapste opsje fan in troujurk: € 1.157 (18% minder as lanlik). It liket derop dat in part fan de breiden in brûkte jurk draacht en inkel jild kwyt is oan it fermeitsjen. Breiden yn Fryslân jouwe in grutter part fan it jild út oan kapsel en ûnderguod as dy yn oare provinsjes. It troupak kostet de Fryske manlju ek 15% mear as lanlik berekkene.

De ûndersyksresultaten mei fisualisaasjes en kaarten binne hjir te besjen.

augustus 9, 2019 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.