Frouljusrjochte-aktiviste Zineb el Rhazoui om feilichheidsswierrichheden net nei Nederlân

augustus 30, 2019 21:27

Zineb el Rhazoui is ien fan ‘e redaksjeleden fan it Frânske tydskrift Charlie Hebdo dy’t de oanslach fan 2015 oerlibbe hawwe. Hja soe freed yn Amsterdam oan in debat oer demokrasy meidwaan, mar it kealle sa dreech mei it regeljen fan har feiligens dat hja ôfsein hat. Ferline jier spile wat ferlykbers.

Frou El Rhazoui wurdt bedrige, om’t hja tige kritysk is oer it plak fan froulju yn islamityske fermiddens. Yn it Amsterdamske debatsintrum De Balie soe hja meidwaan oan in debat oer tsjinstân tsjin ûnderdrukking. In Frânske plysje soe har begeliede. De Nederlânske oerheid stie lykwols net ta dat dy bewapene wêze soe en de Nederlânske plysje soe har befeiligje, om’t hja net ûnfeilich genôch wie, neffens de nasjonaal koördinator terrorisme en feiligens.

Op it lêste stuit bea de oerheid wol oan dat in Nederlânske plysje frou El Rhazoui yn Amsterdam fan it stasjon nei it debatsintrum begeliede soe. Ferline jier die hja ek yn Amsterdam oan in debat mei. Doe krige de Frânske plysje ek gjin tastimming om har te befeiligjen. Dat hja doe al kaam, wie om’t in partikulier befeiligingsbedriuw oanbea om de beskerming op him te nimmen.

Op 7 jannewaris 2015 skeaten twa terroristen in grut part fan ‘e redaksje fan Charlie Hebdo dea.

augustus 30, 2019 21:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.