Friezinne Jenny Douwes populêrste froulike minister-presidint

augustus 18, 2019 21:17

Jenny Douwes is it ôfrûne jier in bekende Nederlanner wurden. De ûndernimster fan de Harkema waard ferline jier bekend troch har oprop om de sneldyk te blokkearjen, sadat antyswartepytdemonstranten net by de Sinteklaasyntocht yn Dokkum komme koene.

Een Vandaag spekulearre yn in reportaazje oer frou Douwes koartlyn noch dat hja de polityk wol yn koe. Der binne mear dy’t der sa oer tinke. Yn in opinypeiling fan it webstee Geen Stijl kieze mar leafst 1597 fan de 4462 minsken nammentlik foar har as “premier zonder piemel”, oftewol as earste froulike minister-presidint fan Nederlân. Hja leit dêrmei mei 36 persint fan de stimmen aardich foar op de nûmer 2, Ayaan Hirsi Ali, dy’t 27 persint fan de stimmen kriget.

Hjirûnder is de foarriedige útslach te sjen. It is noch mooglik om te stimmen, dus de útslach kin noch feroarje. Klik hjir om it artikel op it webstee fan Geen Stijl te lêzen.

augustus 18, 2019 21:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.