Frâns Kuipers: Tsien jier ItNijs en it Frysk

augustus 21, 2019 14:19

Kollum

Jabik van der Bij, oprjochter fan ItNijs, jout in skôging oer tsien jier “It Nijs”! Hoe is it ferrûn, kin it sa fierder of moat der wat feroare wurde, want it tal lêzers falt wat ôf. Oan de ein slacht Van der Bij de spiker op ’e kop, as er de minne lêsfeardigens yn it Frysk fan de Friezen as grutste handicap oantsjut. Friezen krije it Frysk mar amper ûnder eagen, want de measte stikken yn kranten (en fan provinsje en gemeenten/fk) wurde yn it Hollânsk skreaun. De measte Friezen binne analfabeet yn eigen taal, skriuwt Van der Bij en hy stiet dêr net allinne yn. Foaroanmannen meie dat byld fan analfabetisme der by de Friezen mar al te graach ynwriuwe. Hja hoopje dat dat byld de minsken wekker makket, mar it gefolch liket te wêzen dat Friezen harren net útskelle litte foar analfabeet. Ik kin my dat skoan yntinke. Dêrom brûke (guon) Fryske foaroanmannen somtiden it Hollânsk om it belang fan it Frysk oan ’e man te bringen.

Stride
De Ried fan de Fryske Beweging hat in ‘alternative bestjoersôfspraak’ oerlange oan de altyd breed laitsjende deputearre Poepjes. It sil heve! De boargeraksjegroep Sis Tsiis reizge 6 juny l.l. mei in groepke nei De Haach om dêr ludyk oandacht te freegjen fan minister Olongren foar it Frysk as wetlik twadde rykstaal. Sy krige ek in plysjejaske mei it rêchopskrift Plysje. Helder en dúdlik. Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA) sil derop tasjen dat dy besite net om ’e noch west hat. ‘Moaie algemienheden fan de kant fan de minister, mar gjin dieden’, lies ik yn ’e kranten. Tsja, sa giet soks!

Mannenbroeders
Alle wurdearring foar al it krewearjen fansels, mar dochs komme by my bylden boppe út myn swier grifformearde jongereintiid as ‘leauwige yn oplieding’. Ik sjoch foar myn eagen bylden oer mannenbroeders dy’t mei-inoar oan it fjochtsjen wiene oer wa (hokker groepearring) it by de goede ein hie oangeande de krekte útlis fan bibelske teksten. Wat is de goede foarm fan leauwen yn in himelsk bestean as de minske de ierde ferlitte moat? Wiene hja troch harren ûnderlinge striid ferbline foar de útwurking?

Omkearde útwurking
Ien fan de opfallende útwurkingen is yn elk gefal dat tsjerken folle minder leden oerholden hawwe. De measte tsjerken kinne de holle net boppe wetter hâlde, sjoen it feit dat der oeral tsjerken ferkocht wurde en dus in oare bestimming krije. Wat ek opfalt is dat religieus besef (ûnder de jongerein en jonge húshâldingen) yn oare uteringsfoarmen noch altyd libbet. Alderhande geastlike Bliid-Boadskip-Mienskippen binne warber en wekker. Hja sjonge, dûnsje en hantsjeklappe op evangelyske muzyk. De striid oer wa’t it by de goede ein hat oangeande tekstferklearringen is foarby, sa liket it. (Soks is noch wol folop oan ’e gong by de godstsjinsten lykas de islam, mar dêr weagje ik my – yn dit ferbân – net oan).

Wat ik eins beweare wol is dat in (te) fûle ûnderlinge striid oer it Frysk laat (hat) ta in omkearde útwurking (sjoch myn kollum fan 18-9-2018*). It mei (wetlike) twang oplizzen oan it ûnderwiis dat it Frysk, yn lykwicht mei it Hollânsk, oan bar komme moat is net út te fieren. Praktysk sjoen wurket sa’n wetlike ferplichting net, want der is in grut gebrek oan dosinten Frysk by de learare-oplieding en der binne hast gjin learkrêften te finen yn it basisûnderwiis en/of fuortset ûnderwiis, dy’t Fryske lessen jaan kinne. ‘Dêr’t neat is, ferliest sels de keizer syn rjocht!’

Fasilitearje is de oplossing
1. De belangrykste fasilitator foar it Frysk is it ûnderwiis sels. De learare-oplieding moat by steat wêze om mear learkrêften op te lieden foar (ék) it Foech Frysk. In ekstra stimulâns soe wêze kinne dat learkrêften mei it Foech Frysk, ien of twa skalen heger betelle wurde. Dat ekstra salaris soe de provinsje betelje moatte mei it bestjoersakkoart yn ’e hân. Twang moat net hoege, goede ôfspraken moatte genôch wêze. Maklik te regeljen, liket my. Helje de ynspeksjetwang fan tafel.

2. In twadde fasilitator is om inoar net langer as ‘mannenbroeders’ de maat te nimmen. Mei-inoar oparbeidzje by it útfinen, hoe’t it fierder moat mei it Frysk wurket better. Foarmje ien groep mei in ferskaat oan deskundigen. Jou romte oan it ûnderwiis en oan de skoalbestjoeren troch mei harren op te arbeidzjen yn stee fan harren oan te kleien. Jou, as betûfte fjochters foar it Frysk, op frijwillige basis bygelyks gastlessen oan de learare-opliedingen.

3. In tredde wichtige fasilitator is Omrop Fryslân. De Omrop moat de mooglikheid krije om it Frysk (foaral digitaal) op in boartlike manier yn húskeamers en yn apps op telefoan en I-pad of kompjûter te krijen. Stek dêr as provinsje jild yn. Jou beropskrêften en frijwilligers op dat mêd alle romte. Haw der betrouwen yn. Der binne digitale ‘tools’ by de fleet. Ik leau dêryn. De jongerein wol soks wol graach op harren I-phone hawwe. Hja ‘appe’ meastal yn fonetysk Frysk. Dat hinderet neat, want fonetysk Frysk is in moai begjin. Net langer útdrage dat Friezen domme analfabeten binne yn eigen taal. In positive ynstek leveret it measte op. Meibewege is better as tsjinbewege. Dêr bin ik wis fan.

 

* It tapassen fan de krekte doasis is hiel belangryk foar it behâld en befoarderjen fan it Frysk. It sûne kin feroarje yn gif. Ik lies yn in myte út it fiere ferline dat by sûn iten en drinken (lês libjen) de doasis beskiedend is foar wannear’t it sûne feroaret yn gif. In slokje, in pilske, in pear frituerde ierappellyfkes, in stikje tsiis, in bitterbal, stikje woarst… binne lekker en soms noflik foar it ferheegjen fan in gesellige sfear. Mar te folle fan it goeie laat mar al te faak ta problemen. Soe dat sa ek wêze mei it Frysk?

 

augustus 21, 2019 14:19
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Cor Jousma augustus 22, 10:09

    Fasilitearje is de oplossing?

    Om 1980 hinne hat ús regear de bern yn Fryslân einlings it rjocht op ûnderwiis yn ‘e Fryske taal jûn. Dat rjocht waard net jûn oan de âlden, de ûnderwizers of de mienskip. Nee dat rjocht wie foar de bern. Dy oaren hiene te fasilitearjen.

    Guon âlden, guon ûnderwizers en in part fan de mienskip, D66’ers en guon Grienlinksers foarop, hawwe alle war dien om dat fasilitearjen 40 jier tsjin te wurkjen… En no wolle jo op ‘e nij allinne mar fasilitearje.

    It rjocht fan de bern, ús bern of ús pakesizzers, is in lege húl as wy mei jo fasilitearjen fierder gean.

    Dy bern hawwe der no rjocht op dat wy kieze foar hanthavenjen of dat wy se it rjocht fan ûnderwiis yn de Fryske taal ûntnimme. Foar dat lêste moat it regear wol it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ opsizze.

    Miskien kinne sokke D66’ers, Grienlinksers en PVV’ers inoar wol fine om mei dat opsizzen ús bern einlings dúdlikheid te jaan.

  2. Ekoed augustus 22, 11:16

    Dat gedeputearre Poepjes harren slop laket is, tinkt my logysk…… De proveensje sels hat 70% fan de skoallen in ûntheffing ferliend!

  3. A.Kramer augustus 24, 13:38

    Fasilitearje is einliks in netsjes wurd foar neatdwaan

  4. Abe augustus 26, 21:08

    Wat in nuvere diskusje… Jousma hat fansels hielendal gelyk, behalve yn it fingerwizen nei guon politike partijen. De partijen dy’t it hjirre al ieuwen sizze mei, binne PvdA en CDA. Dy partijen binne ferantwurdlik foar it bûten gefjocht stellen fan de ûnderwiiswet en it ,,fasilitearjen” fan skoalkoepelbestjoeren by har sabotearjen fan de wet. Mei it ferhaaltsje fan Kuipers bedarje wy mei ús taal nearne. Myn hert brekt as ik sjuch hoe’t yn tsien, tweintich jier tiid suver de hiele Fryske literatuer en de bestudearring derfan nei de Filistinen holpen is. Ek troch weisjen fan de FNP. Troch flachjewapperjen en Fryslan-boppe-roppen en plúsj-ferearjen – en hoe no fierder?

  5. Cor Jousma septimber 6, 11:17

    [– en hoe no fierder?] Bêste Abe, do en dy pear oaren dy’t Sis Tsiis opset hawwe, wiene/binne neffens my op ‘e goede wei.

    Sa’n sân jier lyn hawwe wy binnen de topografyske wurkgroep it “Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden” út ‘e kast helle en der safolle as mooglik stof ôfblaast. De hiele Fryske mienskip rûn as in kat om de hite brij hinne en fan alle kanten krigen wy te hearren dat wy dat Hânfêst dêrtroch beskeadigje soenen. Wy hawwe ús der neat fan oan lutsen en no sjogge wy dat de Fryske mienskip rûnom saken út it Hânfêst oanhellet en brûkt.

    Jimme hawwe by Sis Tsiis it motto “Frysk is in bernerjocht” op it aljemint brocht. Dat motto is izersterk en moat nei myn betinken deselde wei gean by heiten, memmen en alle oaren binnen ús mienskip as dat Hânfêst. It sil dúdlik wurde moatte dat as wy in TWATALIGE en net in dûbeltalige mienskip wolle, wy dy bern dat rjocht net ûnthâlde meie.

    En rjochten dy’t jo nei fjirtich jier griemen net hanthavenje wolle, binne gjin rjochten fansels.

  6. Kerst Huisman septimber 7, 14:27

    Hoe no fierder, yndied. Ik wol jim foarstelle, om ris goed te sjen nei de blokkadeaksje op de A7, en te bestudearjen (en dêrnei fansels yn aksje komme) hoe’t dat krekt gien is. Út dy aksje, dy’t ik beskôgje as in eksellint foarbyld fan Frysk geweldleas ferset, falt te learen hoe’t wy agearje moatte tsjin wat Abe neamt, it nei de Filistinen helpen fan suver de hiele Fryske literatuer en de bestudearring derfan. Dat ‘nei de Filistinen helpen’ is in gefolch fan ryks- en provinsjebelied, foar safier’t jo fan in eigen provinsjaal belied sprekke kinne. Dat provinsjaal belied wurdt ek no útmakke troch partijen dy’t mei mear as in heal each nei ‘de Haach’ sjogge. Dat jildt likegoed ek foar de FNP, dy’t yn beskate opsichten ek fierstentefolle in ‘Haachske’ partij is. Ik haw jierren foar dy aksje op de A7 alris pleite foar it kompleet foar in oere stilzetten fan it autoferkear op alle sneldiken yn Fryslân. Yn de trant fan Domela fan destiids: ‘Gans het raderwerk staat stil als uw machtige arm het wil’ as middel yn de striid foar it Frysk. Ik fyn ek dat Jenny Douwes, yn stee fan har te ferketterjen wat by guon blyker bon ton is, ús wat dat oangiet in grutte spegel foarholden hat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.