Francesc Pau Vall: Men moat de eigen taal altyd brûke kinne

augustus 19, 2019 07:25

Troch Francesc Pau Vall

In jiermannich tebek krige ik op ‘e universiteit de fraach fan in Belgyske Erasmus-studint oft ik myn kolleezjes yn it Spaansk jaan woe. Ik sei dat de fiertaal Katalaansk wie en dat ik net foar ien studint tsjin alle oare studinten Spaansk prate soe. Fierder lei ik út dat er oan ‘e ein fan it kolleezje dingen freegje koe dy’t er net begrepen hie en dan soe ik him yn it Frânsk of Spaansk antwurd jaan. Sa kaam it ek, de studint stelde soms wat fragen en úteinlik helle er in moai sifer foar syn toets.

De wichtichste fiertaal op ‘e Katalaanske universiteiten is it Katalaansk. Studinten moatte wurkstikken yn dy taal skriuwe. Tagelyk binne der foar wittenskippen sa as rjochten, politikology, natoerkunde, skiedkunde en sosjology amper learboeken. It Katalaansk is in minderheidstaal dy’t maatskiplik hieltyd swakker wurdt en dy’t stadichoan útstjert. Dêrom moatte de Katalanen de taal gewoan brûke. Sa helpe se de ymport ek om yn te boargerjen. Fansels moatte se dêrneist ek Ingelsk, Frânsk en oare talen leare om har rêde te kinnen yn ‘e moderne globalisearjende maatskippij.

Op it stuit is it net mooglik om yn Kataloanië altyd en oeral it Katalaansk te brûken. Yn kontakt mei telefoanyske helptsjinsten en taksysjauffeurs en by de plysje moat men jin faak ferbrekke. De Katalaanske oerheid moat it Katalaansk dêrom stypje. Op it stuit is it foar ymmigranten net nedich om Katalaansk te learen, om’t se sûnder problemen yn it Spaansk troch de tiid komme.

Katalanen moatte altyd en oeral harren eigen taal brûke kinne, op deselde manier as dat boargers yn Salamanca, Sevilla en Murcia dat kinne. De oerheid moat beseffe dat Spanje yn it foarste plak Spaansktalich is mei dêrneist oare talen dy’t dulde wurde, mar dat de steat in optelsom is fan allegear identiteiten.

De auteur is heechlearaar politikology oan de Universitat Pompeu Fabra yn Barcelona. De boppesteande tekst is in gearfetting fan in kollum dy’t er skreaun hat foar de krante El Païs. Klik hjir om de oarspronklike ferzje te lêzen.

augustus 19, 2019 07:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.