Fragen oer fergeze toskedokterssoarch foar bern yn Ljouwert

augustus 20, 2019 10:17

foto Wikimedia Commons © CC BY-SA 3.0)

Nei oanlieding fan in artikel yn de Ljouwerter Krante oer fergeze help troch in bernetoskedokter en dat nochal wat bern yn Ljouwert net of te min nei de toskedokter geane, hat de riedsfraksje fan de PvdA fan de gemeente Ljouwert skriftlike fragen oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders steld.

De fraksje wol witte oft it kolleezje it mei de fraksje iens is dat yn dy kwestje de gemeente in ferantwurdlikheid hat en wat de gemeente al dien hat of noch dwaan sil om te beoarderjen dat safolle mooglik bern wol profitearje kinne fan dat ûnderdiel fan de sûnenssoarch.

augustus 20, 2019 10:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.