FOOX Gruthannel haadsponsor topspektakel FuerzaBruta

augustus 2, 2019 09:02

FOOX Gruthannel wurdt haadsponsor fan FuerzaBruta en Brave New World Produksjes. FOOX Gruthannel is de totaalleveransier foar spesjaalsaken, petrol, hoareka, skoallen en de bedriuwemerk. Mei seis fêstigings yn Nederlân en in útwrydske distribúsje is FOOX in lanlik operearjende en fleksibele gruthannel dêr’t ‘hertlik leverjen’ sintraal by stiet. “FuerzaBruta treedt gewoanwei allinnich op yn wrâldstêden as New York en Buenos Aires”, fertelt FOOX-direkteur Henk-Jan Minnema. “It is geweldich dat wy bydrage kinne oan de sjoos yn Ljouwert.”

FuerzaBruta is in ynternasjonaal topspektakel dat lak hat oan alle logika. Spektakulêr prikeljend teater, fol mei muzyk, dûns en akrobatyk op bewegende poadia en tusken swevende dekôrs. In 360°-ûnderfining. Mei fantastyske trúks, hurdrinners yn ’e loft en in swimbad dat boppe de hollen sweeft. FuerzaBruta spile al yn stêden as Londen, Berlyn, New York, Seoul, Macau en Las Vegas. Ljouwert is oant no ta de lytste stêd dêr’t it selskip optrede sil.

Dit jier bestiet FOOX Gruthannel fiifentritich jier. Minnema: “Foar ús relaasjes en alle meiwurkers is FuerzaBruta dan ek in bysûnder jierdeikado.” FOOX Gruthannel nimt in grut part fan de tagongskaarten ôf om syn 35-jierrich jubilieum mei de belutsenen op in ymposante wize en ‘hertlik levere’ te fieren.

FuerzaBruta is it earste evenemint fan Brave New World Produksjes dat jierliks spannende ynternasjonale projekten yn Fryslân organisearje wol. Dêr wurdt hieltyd nau yn gearwurke mei jonge keunstners, technisy, produsinten en musisy út de regio. Dat komt oerien mei wat Ljouwert-Fryslân 2028 wol, de neilittenskip-organisaasje fan LF2018.

FuerzaBruta spilet fan 5 oant en mei 19 desimber 2019 yn Ljouwert en it binne de iennige optredens yn Nederlân. Neist it optreden fan FuerzaBruta is der in fol programma fan bands (The Resurrection, Hilbrandt en Klankveld), keunstyntervinsjes, hoareka en bars. Lokaasje fan dit unike barren is yn en om it fabryk fan Mannen van Staal yn Ljouwert.

“Moai dat in organisaasje as FOOX, mei in fêstiging yn Frjentsjer, ús projekt omearmet en meiwurkje wol oan de ferbining tusken ynternasjonaal en lokaal”, seit Jan van Erve fan Brave New Worlds Produksjes.

augustus 2, 2019 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.