Flaanderen hat syn nocht fan “swimbadterroristen”

augustus 16, 2019 00:01

De Flaamske parse hat it oer “zwembadterroristen”: minsken dy’t op allegear manieren foar oerlêst en ûnfeiligens soargje yn Flaamske swimbaden. De ynsidinten fariearje fan lûdsoerlêst en skiten yn it swimwetter oant ferkrêfting en messestekkerij.

Oantaasting

Dat der safolle by swimbaden te rêden is, waard dúdlik nei’t de âlden fan in trettjinjierrich famke yn july nei de plysje stapten en oanjefte diene fan oantaasting fan harren dochter. Ferskate manlju hiene it famke yn in swimbad yn Gent betaast, sa fertelden hja. De oantaasting helle de parse en in 24-jierrich frommeske makke doe buorkundich dat in man har ferkrêfte hie yn itselde swimbad. De dieder dêrfan is wilens oppakt en hy hat in finzenisstraf foar oardel jier krige. It slachtoffer fertelt dat it ôfrûne jier foar har fol siet mei drokte yn de rjochtbank, by in psycholooch en by in soarchsintrum foar seksueel geweld.

Dêrnei reinde it meldings fan problemen yn swimbaden. Net allinnich yn Gent, mar ek yn swimbaden yn Hofstade, Diest, Beveren, Oostende, Kortrijk, Mechelen en Sint-Niklaas. Guon gemeenten hiene al ekstra plysje nei de swimbaden ta stjoerd.

Trijehûndert dieders

De klachten oer lûdsoerlêst, stellerij en seksueel wangedrach yn swimbaden nimme neffens de swimbaden ta. Karel Logghe, foarsitter fan de Flaamske belange-organisaasje fan badmasters, seit dat it oer de hege skuon rint. Hy seit: “Ik merk dat de situatie verergerd is. Er zijn elke zomer opstootjes en diefstallen, maar de vechtpartijen worden groter en ze zijn soms bewust uitgelokt.” Hy fertelt ek dat er fan ferskate froulju heard hat dat hja oantaast binne. Neffens him binne der sa’n trijehûndert jonges en jongkeardels, dy’t foar de problemen soargje. “Niemand heeft vat op hen”, seit er. Hy fertelt dat de reboeljemakkers badjuffers op ‘e grûn smite en bannen fan de auto’s fan badpersoniel lek stekke. Wa’t der wat fan seit, kriget te hearren: “We weten je wel te vinden.”

Brussel en Antwerpen

Pieter Debaets, foarsitter fan de Flaamske rekreaasje-organisaasje VIR, seit dat de dieders hieltiten jonger wurde, faak jonges fan in jier of fjirtjin. Hy seit: “Het gaat telkens om dezelfde groepjes jongeren uit Brussel en Antwerpen, die ook daar problemen veroorzaken.” Hy seit: “Die jongens voelen zicht machtig, omdat ze weten dat wij hen niet kunnen straffen. Onlangs stonden ze in Sint-Niklaas met veertig jongens rond enkele bezoekers. Dat is zeer intimiderend. Je zou ze kunnen oppakken wegens bendevorming, maar dan doen ze hetzelfde in kleinere groepjes.”

Yn Flaanderen nimt it tal besikers oan swimbaden troch de “swimbadterroristen” ôf. Logghe begrypt dat wol. Hy seit: “Het is niet leuk om met je kinderen en kleinkinderen te gaan verpozen op een plek waar zo’n dreigende sfeer hangt.” De jongelju komme soms ek yn Nederlân. Yn it grinsdoarp Koewacht binne ek problemen mei oerlêset fan jongelju út Flaanderen bekend. Hja soargen dêr foar fernieling en hawwe yn juny 24 besikers seksueel oantaast.

Oplossing

De lanlike polityk is mei it fenomeen oan. Koen Metsu, haad fan de kommisje terreurbestriding, wol dat de dieders as hooligans behannele wurde. Dan kinne hja oanpakt wurde op deselde wize as minsken dy’t harren misdrage by fuotbalwedstriden. As Metsu syn sin kriget, moat elkenien him by in swimbad legitimearje kinne en kinne minsken in tagongsferbod krije. Jessika Soors fan de partij Groen ferset har dêr lykwols tsjin. Neffens har is dat symboalpolityk. Hja seit: “Preventie wanneer het kan en repressie wanneer het moet.”

Underwilens besykje swimbaddirekteuren it probleem op te lossen. Rudy van der Heyden, direkteur van swimbad De Warande yn Wetteren, hat in ferbod op lange swimbroeken ynsteld. Allinne lytse, strakke swimbroekjes binne tastien. De reden is neffens him dat hast alle dieders by foarkar sa’n lange bermuda oan hawwe. Fierders wikselje swimbaden ûnderling in “swarte list” út mei nammen. Earder diene Nederlânske swimbaden dêr ek oan mei, mar de privacywetten wurde yn Nederlân stranger ynterpretearre, sadat dat net mear mei.

Marokkanen

De swimbaddirekteuren sizze neffens De Morgen manmachtich dat de dieders foar it grutste part Marokkaanske jongelju út Antwerpen en Brussel binne. Minister fan ynlânske saken Pieter de Crem wol lykwols net oer de etnisiteit fan de dieders prate, sa skriuwt De Morgen.

Neffens seksuologe Liesbeth Kennes is it net goed om oer de etnisiteit fan de dieders te praten. Hja seit: “Hun Vlaamse leeftijdsgenoten zitten in de zomer op een duur kamp, logeren bij oma en opa of gaan naar familie. Zij hoeven niet rond te hangen, want zij zijn goed omringd. En vooral: de Vlaamse middenklassekinderen hebben er baat bij om zich goed te gedragen in de samenleving, want zij hebben het vooruitzicht op werk en een huis.” Neffens har ûntstiet it wangedrach út diskriminaasje.

Oare lannen

Problemen yn swimbaden lykje ta te nimmen. Yn it Frânske Davreil gie it sa mâl dat swimmers de dieders fan twa oantaastings in wan bruien jûn hawwe. Yn in swimbad yn it Dútske Düsseldorf is in swimbad dit jier al trije kear ûntromme om’t in groep jongelju it personiel bedrige en besikers yntimidearre. En yn Rotterdam hat in iepenloftswimbad al stikeltrie om it terrein oanbrocht om reboeljemakkers bûten te hâlden.

augustus 16, 2019 00:01
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Abe augustus 16, 09:55

    Ik tocht, it sil wol…. en ja hear, yn de njoggende alinea komt de befêstiging: it giet om ‘Marokkaanske jongelju’.

  2. RobMokum augustus 16, 12:50

    Grappich no, Abe? Ik tocht krekt itselde. Mar ja, wat wit ik no? Ik wenje der allinich mar tusken. Da’s wer wat oars as op sa’n ivoren terp as dy fan dy. Asto in probleem net beneame meist dan kinsto it ek nea oplosse.

  3. M.J. de Haan augustus 17, 04:12

    soe it net better wèze, hielendâl net te reageren.?
    It taalgebrûk fân ferstjusterd net de inhâld fân tagelik puberaal en ôfwaaid kletsen roddeljen en stoke.

  4. mbc84 augustus 17, 09:07

    It is benammen om’t dat folk ta it mohammedanisme beheart. Dát is de oarsaak fan sok hâlden-en-dragen. Net allinnich yn it swimbad, mar ek op tal fan oare plakken soargje mohammedanisten foar slimme oerlêst.

    Dan is der in noch folle grutter probleem. Minsken dy’t der oer falle at je it beneame, miene dat je dêrmei diskriminearje ensafuorthinne. Minsken dy’t it bêste fine at Antyfa de boel koart en klyn slacht, mar oh wee at Identitair Verzet earne in spandoek ophinget.

    Der doocht in hiele soad net oan dat mohammedanisme. It soarget foar in ferdielde wrâld. Ferdjipje dy der ris yn foar’t je mei it reade boekje begjinne te wapperjen en je DDR-praktiken ynfierd hawwe wolle.

  5. Lomme Schokker augustus 18, 11:10

    Festival yn Boedapest. Ik tocht der sil wol…, en ferdraaid ja hear, Nederlanners oppakt foar drugshannel. Dêr hearst de goegemeente net oer, of ja, dochs wol. Wat sneu, sokke aardige, dissiplinearre jonges. En aansten miskien wol tweintich jier yn’t kasjot, fierstente mâl. Gek lân dat bûtenlân, mei sokke heislike straffen foar in oertrêding. Mar goed, it binne lokkich gjin Friezen.
    Der is wat fûneminteel mis mei nasjonalisme en sjauvinisme, mar wat? Dat it in lykwichtich oardielsfoarming yn de wei stiet?

  6. RobMokum augustus 19, 12:13

    It is in feit dat Nederlanners oerfertsjinwurdige binne yn de ynternasjonale drugshannel. Dat meist dan ek wol sizze, jout neat. Wat ik allinich net begryp is wat dat mei nasjonalisme te krijen hat. En ek net wèrom’t dèr wat mis mei is. Salang it gjin nasjonaal-sosjalityske ferzje is is der neat mis mei. In FvD’er is dochs ek gjin NSDAP’er en in GrienLinkser dochs gjin Stalinyst?

  7. Abe augustus 19, 13:01

    It soe moai wêze as de Ried fan de Fryske Beweging útlizze koe hoe’t it fersprieden fan haat tsjin bûtenlanners en oarsleauwigen, fansels altyd nei oanlieding fan ynsidinten fier fuort en op basis fan iensidige, fersimpeljende en fertekenjende ‘ynterpretaasjes’, de Fryske kultuer foarút helpt. It soe wêze kinne dat men mient dat Halsema-bashing en it nei de bek praten fan it Baudet-Wilders rosmos en mear sok fraais befoarderjend útwurket op it Fryske ‘nasjonalisme’ – wat oars kin ik alteast net betinke. Want foar de mieninkjes sels haw ik ItNijs ommers net noadich, dan surf ik leaver nei it orizjineel (De Telegraaf, geenstijl, ensafh.). Goed – no’t wy it doel fan it kryptofaksisme hjirre fêststeld hawwe, kinne wy ús ôffreegje oft dizze stratezjy wat docht foar de Fryske kultuer/kultuer yn Fryslân/Frysktalige kultuer. It liket der net op, wol? Ommers, de belangrykste faktor yn ‘t Fryske kultuerbehâld is net it pisjen tsjin oare minsken oan, mar it striden foar goed Frysk ûnderwiis. En dat, leave minsken, is – mei de FNP yn it ‘regear’ – dúdlik net de favorite beuzichheid fan ItNijs. Krekt op it mêd dêr’t it syn besteansrjocht it bêst nei foarren bringe kinne soe, jout men net werklik thús. O ja, der is in stikje hjir en in stikje dêr. Mar ik smoar hast yn de alt right smoargens. Ik ha der no faak genôch op wiisd, sûnder risseltaat of reaksje fan ‘e redaksje. Ik ha ItNijs dêrom mar út myn list fan Facebookfreonen skrast en sil der op dit plak ek gjin wurd mear oan spansearje. In soad wille noch mei moslims, titen, Marokkanen, Wilders, Baudet, geenstijl, De Telegraaf, besnijing, cartoons, linkse tsjerke, en-gean-sa-mar-fierder.

  8. Nanne Hoekstra augustus 20, 07:54

    Abe hat in selektive bril op ‘e noas. Mei myn bril tilt it op It Nijs op fan artikels oer diskriminaasje, taalminderheden, miljeu, bioferskaat, lânskipspine, klimaatferoaring, gaswinning, ferpofamtners, de Partij vd Dieren, ensafh, dêr’t men likegoed in linkse aginda yn sjen kin. Yn in lyts taalgebiet is simpelwei in brede kar út it nijsoanbod nedich om genôch lêzers te lûken. Minsken hawwe ommers niget oan folle mear ûnderwerpen as ûnderwiis yn it Frysk, hoewol’t dêr allyksa in knoarre stikken oer ferskynd is op It Nijs.

  9. Johannes Rozenga augustus 21, 20:06

    Abe hat gelyk, noch altiten is der gjin goed Frysk ûnderwiis op de skoallen.Tilt it op fan Hollanismen en Ingelske wurden. It elke kear fermelde fan de wat foar minsken fan in befolkingsgroep it binne is wier net nedich. Dus net as wrâldboarger behannelje is kwealik. Elk minske is gelyk en hoecht it oare net oanjûn te wurden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.