Flaamske flaggen ferwidere fan Pukkelpop

augustus 17, 2019 23:36

De organisaasje fan it popfestival Pukkelpop hat ûntskuldigings oanbean oan de minsken fan wa’t in Flaamske flagge ôfpakt is.

Meiwurkers fan it festival yn Hasselt hawwe minsken dy’t op ‘e festivalkemping stiene freed twongen om harren giele flagge mei de swarte Flaamske liuw yn te leverjen. Mei-inoar gie it om likernôch tweintich flaggen. Oare flaggen wiene wol tastien.

“Drugs mogen wel, daar treden ze niet tegen op. Maar vlaggen worden verboden”, hellet de krante De Morgen in lilke festivalbesiker oan. “Dat klopt niet.” De jonge seit dat er de flagge allinnich mar brûkt hie om syn tinte maklik weromfine te kinnen. Hy is ek fan betinken dat in popfestival him net mei polityk bemuoie moat.

De maatregel ta it ferwiderjen fan ‘e flagge is nommen neidat klimaataktiviste Anuna de Wever in taspraak hâlden hie en op boe-gerop ûnthelle waard troch in groep jongelju mei Flaamske flaggen. Festivaldirekteur Chokri Mahassine brocht de Flaamske flagge dêrnei yn de media yn ferbân mei kollaborateurs yn de Twadde Wrâldoarloch. Dat soarge foar in protte lilke reaksjes. Yn de Flaamske media wurdt ek diskusjearre oer de kleur fan de poaten fan de liuw syn syn kloeren en tonge. Op guon flaggen binne dy read, op oaren swart. Guons bringe de swarte fariant mei Flaamske kollaborateurs yn ferbân.

Histoarikus Bruno de Wever seit: “Die term ‘collaboratievlag’ is een felle overdrijving. Historisch kan je dat echt niet hard maken. De radicale Vlaamse beweging heeft natuurlijk wel gecollaboreerd, maar als je elke beweging of stroming gaat vastpinnen of welbepaalde momenten in de geschiedenis en daar de symbolen op projecteert, dan ben je niet goed bezig.”

Sneon hat de organisaasje fan it festival op Facebook skreaun: “Na grondig overleg met burgemeester Steven Vandeput wenst de organisatie zich te verontschuldigen voor de misverstanden die zouden kunnen zijn ontstaan na het verwijderen van vlaggen op de camping van Pukkelpop.”

augustus 17, 2019 23:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.