Fertochten yn Brussel minder swier straft troch gedoch mei fiertaal

augustus 15, 2019 09:00 Fernijd

In rjochtbank yn Brussel behannelet in saak dêr’t tweintich Frânsktaligen en twa Nederlânsktaligen by behelle binne yn it Nederlânsk. Sokke situaasjes komme mear foar, mar meastentiids moatte de Nederlânsktaligen it belije en wurdt foar it Frânsk as fiertaal keazen. Dat seit abbekaat Yannick de Vlaemynck.

De boppesteande saak giet oer fiif kannabisplantaazjes yn Flaanderen. De saak soe ynearsten yn it Frânsk behannele wurde. Doazen fol mei Nederlânsktalige stikken moasten yn it Frânsk oerset wurde.

Neffens De Vlaemynck is it gedoch mei de talen it gefolch fan it ôfskaffen fan it rjochtsgebiet Brussel-Halle-Vilvoorde. Dat wie lang in winsk fan de Flaamske beweging. No wurde fertochten berjochte yn de taal fan it gebiet dêr’t hja oppakt wurde. Is dat yn Flaanderen, dan komme se foar in Nederlânsktalige rjochter, is dat yn Brussel, dan komme se foar in rjochter yn har eigen taal. Wurdt mear as ien fertochte tagelyk berjochte, dan is it ûndúdlik wat de gerjochtstaal wurdt.

Dêr komt noch by dat Frânsktaligen faak mei sukses freegje om in Nederlânsktalige behanneling te ferfangen troch in Frânsktalige. Dan moatte alle Nederlânsktalige stikken wer oerset wurde yn it Frânsk, ek de stikken dy’t al in oersetting wiene fan wat earder yn it Frânsk sein is. Neffens De Vlaemynck meitsje fertochten dêr faak misbrûk fan. Hy seit: “Vertalen neemt veel tijd in beslag. Daardoor kan tijdens de zittingen gepleit worden dat de verdachte zich in de tussentijd heeft gere-integreerd, een baan heeft gevonden of een gezin heeft gesticht. Dat leidt tot minder zware straffen.”

augustus 15, 2019 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.