Europeeske froulju wurde fynfysker, mar Spaanske boarsten bliuwe bleat

augustus 12, 2019 18:05

Foto: Pixabay

Sinnebaaiende froulju mei de boarsten bleat: it wie yn de jierren tachtich sa’n gewoan byld op ‘e Nederlânske strannen. Wilens binne hja fierhinne weiwurden. Nederlân is op dat mêd net allinnich: de bleate boarsten ferdwine út Europa. Der is ien útsûndering: Spanje.

De helte fan ‘e Spaanske froulju leit neffens eigen sizzen sûnder boppestikje om te lodderjen. Dat is folle mear as yn oare Europeeske lannen. Dútslân, dêr’t de bleate boppe-ein ek navenant gewoan is, is mei ien op ‘e trije froulju al gâns fijer.

Dat de Spaanske froulju no mear bleat foar kar nimme as harren seksegenoaten yn kâldere streken, is al wat apart, as jo rekkenje dat it lang krekt oarsom om wie. Yn ‘e tweintichste ieu wiene it krekt de Noard-Europeeske toeristes dy’t de topless-rekreaasje yn Spanje yntrodusearren. Dat wie yn in protte Spaanske baaiplakken sels noch lang ferbean.

It feminisme is hjoed de dei och sa dúdlik oanwêzich yn ‘e Spaanske polityk en media. Demonstraasjes foar frouljusrjochten binne oan ‘e oarder fan ‘e dei. De frijheid om lykas manlju yn ‘e sinne te lizzen is dêr noch altiten in symboal fan. Doe’t in swimbad yn Barcelona it okkerdeis bestie om in boppestikje foar froulju te ferplichtsjen, ûntstie fuortendaliks in lûd protest.

augustus 12, 2019 18:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.