‘Escher op reis’ nominearre foar Museumtijdschrift Utstallingspriis 2019

augustus 30, 2019 09:54

De útstalling Escher op reis fan it Frysk Museum is nominearre foar de Museumtijdschrift Utstallingspriis 2019. De útstalling luts ferline jier 256.450 besikers nei Ljouwert. Dêrmei wie it de bêst besite útstalling ea foar it Frysk Museum. Oant 1 oktober kin publyk fia www.tentoonstellingsprijs.nl op de favoryt stimme. It winnende museum ûntfangt in jildbedrach fan € 10.000. Under de stimmers ferlottet SRC Reizen in stêdetrip foar twa persoanen nei Madrid, Rome of Florence.

Foto: Ruben van Vliet

In faksjuery hat bepaald dat it Frysk Museum yn de top 10 stiet fan bêste útstallings fan it ôfrûne seizoen. De sjuery bestie út Adriana Esmeijer (direkteur Prins Bernhard Kultuerfûns), Peter van Duinen (direkteur Frije Akademy) en Marina de Vries (haadredakteur Museumtijdschrift). Oare nominearre musea binne it Stêdsmuseum Amsterdam, it Drintsk Museum, it Teylers Museum, Museum het Valkhof, Centraal Museum, Museum Boijmans van Beuningen, Gemeentemuseum De Haach, Van Gogh Museum en Museum de Pont. Stimme kin ien kear it e-mailadres fan 29 augustus oant 1 oktober. Op de Dei fan de Utstalling op freed 18 oktober wurdt de winner bekendmakke yn Gemeentemuseum De Haach.

augustus 30, 2019 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.