Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (82)

augustus 31, 2019 07:00 Fernijd

In God fan minsken dy’t libje

Christoph Schwarz, De opstanning fan Kristus (Wikimedia Commons)

Wer komme de timpelautoriteiten del mei in strikfraach.
“As man en frou dea binne en opsteane en ien fleis binne yn ’e himel, hoe sit it dan mei in frou dy’t mei meardere manlju troud west hat?”
Ik antwurdzje:
“Jimme kenne net de Skriften en noch minder Gods wûnderlike krêft. Want yn ’e himel binne gjin manlju of froulju, inkeld ingels. En wat de deaden oanbelanget, hawwe jimme net lêzen wat God tsjin Mozes seit, by de brommelstrûk? Hy seit:
“Ik bin de God fan Abraham en fan Izaäk en fan Jakob.”
Hy is gjin god fan deaden mar fan minsken dy’t libje.

 

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
augustus 31, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.