Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (81)

augustus 24, 2019 07:00 Fernijd

Nei wa syn byld?

Tiberius Valkof, Jou de keizer wat fan de keizer is (boarne httpsmainzerbeobachter.com

De timpelautoriteiten komme wer del om in strikfraach te stellen. Se bûge en wriuwe har yn ’e hannen en freegje:
“Jo sprekke de wierheid sûnder op ’e persoan te sjen, want jo berinne Gods wei. Dêrom freegje wy Jo: is it yn oarder om de Romeinske keizer belesting te beteljen of net?”
As ik ja sis, sil it folk my as in ferrieder beskôgje. En as ik nee sis, bin ik strafber en kinne de Romeinen my fêstnimme foar opstokelderij. Ik sis:
“Jou my in munt.”
Se jouwe my in munt fan it jild dat se by har hawwe. Ik freegje har:
“Nei wa syn byld is dy munt makke?”
Se antwurdzje:
“Nei it byld fan ’e keizer fan Rome.”
“Jou dan oan de keizer wat fan ’e keizer is, en jou oan God wat fan God is.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm
augustus 24, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.