Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (79)

augustus 10, 2019 07:54

Wa docht Gods wil?

Yllustraasje https://holyhome.nl

De oare deis binne wy wer yn Jeruzalem. En as ik yn ’e timpel kuierje, komme de timpelautoriteiten nei my ta en freegje wêrom as ik de keaplju út ’e timpel wei jage haw.
“Hoe komme Jo oan it foech om dy dingen te dwaan? Wa hat Jo dat rjocht jûn?”
En ik sis:
“Ik sil jimme ien fraach stelle. As jimme my antwurdzje kinne, dan sil ik sizze hoe’t ik oan it foech kom om dy dingen te dwaan. De doop fan Johannes, kaam dy fan God of fan ’e minsken? Jou my dêr antwurd op.”
En se lizze oer en sizze tsjininoar:
“As wy sizze: Fan God, dan sil er sizze: ‘Wêrom hawwe jim him dan net leaud?’ Sizze wy lykwols: Fan ’e minsken, dan moatte wy benaud wêze foar it folk.”
Want it folk hâldt Johannes foar in profeet fan God. En se antwurdzje:
“Wy witte it net.”
“Dan sis ik ek net hoe’t ik oan it foech kom om dy dingen te dwaan. Yn stee dêrfan sil ik jim in ferhaal fertelle.

In man hie twa soannen. Hy gie nei de earste en sei:
‘Soan, gean hjoed hinne en wurkje yn myn wynhôf.’
En de earste soan sei: ‘Ja Hear’, mar hy die it net.
De Hear fan it hôf gie nei de oare soan en frege itselde.
Dy sei: ‘ik wol net’, mar efkes letter krige er berou en hy die it dochs.
En no freegje ik jim: wa hat de wil fan syn Heit dien?”
Se antwurdzje: “De lêste.”
En ik sis:
“De lêsten sille de earsten wêze. De stien dy’t de bouwers ôfkarden, is no de hoekstien wurden. Kollaborateurs, heidenen en huorren sille ta it keninkryk fan God yngean, jimme net. Want Johannes hat jim it paad fan ’e goedheid en rjochtfeardichheid wiisd en jim woene him net leauwe. Kollaborateurs, heidenen en huorren hawwe him lykwols leaud. En ek al seagen jimme dat, jim hawwe gjin berou krige en jim binne net begûn te leauwen.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
augustus 10, 2019 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.