Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (78)

augustus 3, 2019 07:00 Fernijd

De ôfkarde figebeam, de ôfkarde hoekstien

https://johnastria007.files.wordpress.com

As wy de oare moarns út Betanië wei geane, sjoch ik in figebeam. Ik rin derhinne om te sjen oft der wat oan sit, mar ik fyn oars net as blêden. It is net de tiid foar figen. Ik freegje:
“Silsto oant yn ’e ivichheid gjin frucht drage?”
Ik tink werom oan it ûnleauwe en de ûnferskillichheid dy’t ik meimakke haw. Ik sjoch de hillige stêd ûnder my en ik rop út:
“Jeruzalem, Jeruzalem! Do dy’tst de profeten deadest en stiennigest dy’t God nei dy ta stjoerde! Hoe faak hie ik net de winsk en rop dyn bern nei hûs ta, sa’t in hinnemem de piken ûnder de wjukken gearfandelet. En jim hawwe it net wollen.”

En ik fertel dit ferhaal:
“In minske ferhiert syn druvetún. Nei in skoftke stjoert er in tsjinstfeint om de hierders de hier yn it sin te bringen. Mar se slaan him dea. Hy stjoert oare tsjinstfeinten en dy wurde allegearre stiennige. By einsluten stjoert er syn soan. Mar dy sille se ek deameitsje. Wat sil de hear fan de druvetún dan dwaan? Hy sil de minne hierders fergje op har ferantwurdlikheid. En hy sil de druvetún oan oaren jaan. Stiet yn ’e psalmen ommers net skreaun:

De stien dy’t de bouwers ôfkarden
is no de hoekstien wurden.
God hat dat dien,
yn ús eagen in wûnder.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
augustus 3, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.