Eelkje II wint yn Lemster Baai

augustus 16, 2019 15:56

It skûtsje Eelkje II fan skipper Jeroen de Vos fan Heech hat freedtemiddei de fyfde wedstryd fan it IFKS-skûtsjesilen wûn yn de Lemster Baai op de Lemmer. It twadde plak koe skipper Ulbe Zwaga fan de Waaksdom op syn namme skriuwe. As tredde kaam it skûtsje Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn oer de finish.

Nei in falske start moasten de skûtsjeskippers freedtemiddei op ‘e nij nei de start ta. En dat wie grif tsjin de sin yn fan skipper Ulbe Zwaga, dy’t mei syn skûtsje Waaksdom fuort foarop lei. Yn tsjinstelling ta de oare wedstriden dizze wike waard der diskear hiel kalm en bedaard syld. It waar spile dêr ek ûnder, want mei lytse weachjes, in prima wyn en sels in sintsje derby, wie it noflik silen.

Noflik silen wie it lykwols net foar klassemintslieder Sikke Heerschop fan it skûtsje de Wylde Wytse. Dy kaam koart foar it twadde startskot yn need troch problemen mei de gaffel. It skûtsje koe mar kwalik meikomme by de start. It seil bleau earne op heakjen. By eintsjebeslút koe de Wylde Wytse wol starte, mar koart nei de start kaam it skûtsje wer yn de problemen en besleat de skipper om de wedstryd te litten foar wat er wie.

Nei de ynhelwedstryd yn de Lemster Baai fan it skûtsjesilen yn Sleat steane der no noch twa wedstriden op it program. Freedtemiddei wurdt ek noch in twadde wedstriid fersyld, sneon wurdt de finale fersyld. Alle skûtsjes meie de punten fan de minst sylde wedstryd ôflûke. Foar skûtsjeskipper Sikke Heerschop fan de Wylde Wytse sil dat grif de net sylde ynhelwedstryd fan freed wurde.

Boarne: Omrop Fryslân

augustus 16, 2019 15:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.