Earste ‘Bûsboekje 2020’ oerlange oan geastlik heit

augustus 27, 2019 07:47

It earste Bûsboekje 2020 is moandei 26 augustus oerlange oan de geastlik heit fan it bûsboekje: Durk van der Schaaf fan Bitgummole. Van der Schaaf betocht it bûsboekje doe’t er ophold by in aksjekommisje fan it Kristlik Frysk Selskip. At jo in bûsboekje hawwe yn it Frysk, lêze jo alle dagen wat Frysk, wie it idee fan Van der Schaaf.

Dat idee pakte goed út: it Frysktalige Bûsboekje 2020 is de fiifenfjirtichste útjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren derfoar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjintwurdich is dat de Ried fan de Fryske Beweging. It bûsboekje bedript him finansjeel noch hielendal sels.

Foto: Piter Andringa

It Fryske bûsboekje leit dus wer yn de winkels. Dit jier is it tema Tiid. In moai tema foar in boekje dat men it hiele jier troch yn de bûse hat. Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier grif trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

Omdat dit in lustrumedysje is, organisearre de Bûsboekjeredaksje in presintaasje by klokkemakker Tjitte Talsma yn Aldtsjerk. Fanwege it lustrum is ek it startsein jûn foar in poëzijkriich. Oant 27 oktober 2019 om 03.00 oere (begjin wintertiid!) kin in gedicht ynstjoerd wurde en binne ferskate prizen te winnen. De spulregels binne te lêzen op www.busboekje.frl.

augustus 27, 2019 07:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.