Doutzen Kroes freget omtinken foar brân yn Amazônegebiet

augustus 24, 2019 08:27

“Yn it Braziliaanske Amazônereinwâld binne 84 persint mear brannen as in jier lyn. De presidint wol it gebiet ûntboskje. De brannen binne no al trije wike oan ’e gong en hast net ien yn ’e media besteget der omtinken oan.” Dat skreau Doutzen Kroes op har Instagram. 114.000 minsken hawwe al in hertsje by it berjocht pleatst. In soartgelyk berjocht fan de Amerikaanske akteur Leonardo DiCaprio levere sels mear as trije miljoen hertsjes op.

Foto: pixabay.com

Sa binne de natuerbrannen ynienen it petear fan de dei op de nije media. De brannen liede ta diplomatike spanningen, no’t Ierlân en Frankryk it hannelsakkoart tusken de EU en Súd-Amerikaanske lannen blokkearje wolle as Brazilië it Amazônegebiet net better beskermet.

Braziliaanske oankleiers begjinne in ûndersyk nei de ûntbosking en de protte boskbrannen yn it Amazônegebiet. It ûndersyk moat efterhelje oft der minder strang tafersjoch holden wurdt op de miljeuwetjouwing, wat mooglik ta in tanimming fan brannen laat hat.

Presidint Bolsonaro sil it leger ynsette yn ‘e striid tsjin de brannen. Dy beslissing folget nei grutte ynternasjonale druk op de presidint.

Lês it berjocht fan Doutzen en de reaksjes op Instagram.

augustus 24, 2019 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.