Dorrie Hilboezen wint pealsitten yn Kollum

augustus 18, 2019 20:08

Dorrie Hilboezen út Kollum hat it pealsitten yn har wenplak wûn. Sy stapte, mei noch trije dielnimmers, tongersdeitemoarn om tsien oere op de peal, om der sneontejûn wer ôf te kommen. De sechtich oeren pealsitten smieten in bedrach fan 600 euro op, it jild is bestimd foar de Maarten van der Weijden Foundation. Twadde waard Mike Boorsma, ek út Kollum, tredde Durk Postma út Dokkum. De fjirde dielnimmer, Annie Bosma, moast sneontemiddei ôfstappe.

Tekst: Omrop Fryslân

augustus 18, 2019 20:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.